Skip to main content Skip to page footer

Mark Raat

Lêzing Mark Raat: 'De historie van het Fries Veenweidegebied (1600-1970)'

Mark Raat, promovendus by de Fryske Akademy, fertelt op op freed 20 febrewaris, op útnûging fan it Lânboukundich Wurkferbân, oer syn promoasjeûndersyk nei de histoaryske beslútfoarming oer it Fryske Feangreidegebiet (sa. 1600-1970).

Oer de lêzing

De takomst fan it Lege Midden is in aktueel tema. Fryske oerheden besleaten yn 2021 ta ferheging fan it wetterpeil. Dat beslút brekt mei it ferline, omdat Friezen iuwenlang wurken oan ynpoldering fan feanlân en it drûchhâlden fan lân. Mark Raat dûkte yn de skiednis fan politike beslútfoarming oer it Feangreidegebiet. Hy set de útdagings fan it gebiet yn in histoaryske kontekst del: wat kinne wy leare fan it ferline?

Nei de lêzing van Mark Raat sil Geart Benedictus, lânboufertsjintwurdiger by Bestjoerlik Oerlis Feangreide, syn ynsichten jaan op it tema.

Oer Mark Raat

Mark Raat (Medemblik, 1988) studearre skiednis oan de Vrije Universiteit te Amsterdam. Tusken 2015 en 2019 hat hy by de Fryske Akademy wurke als histoarysk ûndersiker foar de Time Machine-projekten fan HisGIS. Sûnt jannewaris 2021 is hy promovendus.

Syn promoasjeûndersyk giet oer de histoaryske langetermynûntwikkeling fan it Fryske Feangreidegebiet (ca. 1600-1970). Hy wurdt begelaat troch prof. dr. Marijn Molema en prof. dr. Hans Mol. It is in projekt fan de Fryske Akademy en it Fries Sociaal Planbureau, dy’t oanslute by in projekt fan it Inspiraasjeteam Takomst Feangreide en it Nasjonaal Park Alde Feanen.

Praktyske ynformaasje

Plak: Fries Landbouwmuseum, Ljouwert
Datum: Freed 20 febrewaris 2026
Tiid: ynrin 13:30 oere, start om 14:00 oere.
Yntree: Fergees voor freonen van het Fries Landbouwmuseum, stipers Fryske Akademy en mei in Museumjaarkaart. Oare belangstellenden: € 12,-.