Skip to main content Skip to page footer

Vikingverhalen

Livestream foar folboekte lêzing Vikingverhalen by Rijksmuseum van Oudheden

Om't alle kaarten foar de lêzing Vikingverhalen fan it Rijksmuseum van Oudheden op 22 jannewaris 2026 yn in oantal oeren folslein folboekt wie, is besletten om in livestream oan te bieden. Prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, Fikingenspesjalist en direkteur-bestjoerder by de Fryske Akademy, sil befrege wurde by it yntrodusearjende iepeningspetear.

 

Yn dizze earste edysje fan Vikingverhalen nimme fjouwer ynternasjonaal ferneamde wittenskippers it publyk mei yn boeiende ferhalen oer âld en nij ûndersyk nei de Fikingtiid. It giet dizze jûn oer stoere krigers en oare stereotypen (en it trochbrekken dêrfan), mar ek oer âlde foarwerpen, nije perspektiven en minsken fan doe en no. 

Sprekkers binne Eleanor Barraclough (Bath Spa University), Nelleke IJssennagger-Van der Pluijm (Fryske Akademy), Christian Cooijmans (Universiteit van Oslo) en Annemarieke Willemsen (Rijksmuseum van Oudheden).

De lêzingejûn Vikingverhalen is folslein folboekt, jo kinne jo dêrfoar spitigernôch net mear oanmelde. Dochs sjen? Meld jo dan oan foar de fergeze livestream.