Meidwaan: ûndersyk nei foaroardielen oer it Frysk en Nederlânsk
It ûndersyk
Hielke ûntwikkele in online eksperimint, dat de ûnderbewuste hâldingen mjit oangeande it Frysk en it Nederlânsk mei de help fan in sorteartaak. De dielnimmer krijt plaatsjes en wurden te sjen dy't posityf of negatyf binne, en wurden dy't Frysk of Nederlânsk binne. De keppeling tusken de plaatsjes en wurden kin sjen litte oft it brein ûnderbewust Frysk of Nederlânsk mear mei positive (of just negative) dingen assosjearret, en lit dêrmei ûnderbewuste foaroardielen sjen.
It eksperimint duorret 10-15 minuten en oan de ein fan it ûndersyk krijt elke dielnimmer de eigen resultaten te sjen. Dêrmei kin in ynskatting makke wurde fan de eigen ûnbewuste foarkar. Hielke hopet op safolle mooglik dielnimmers, om dêrmei in folsleiner ynsjoch te krijen yn de foaroardielen oer it Frysk en it Nederlânsk, sawol by Friezen en Frysktaligen sels as by net-Friezen en net-Frysktaligen.
Meidwaan
Elkenien kin meidwaan, mar Hielke is noch spesifyk op syk nei NET-Frysktaligen dy't yn Fryslân wenje. Kinsto helpe?
Praktyske ynformaasje
Haadûndersiker: Hielke Vriesendorp
Funksje: Universitêr dosint Ingelske Taalkunde en Undersyksmetoaden, statistyk en taalfariaasje. Earder: taalkundich ûndersiker by de Fryske Akademy
Kontakt: E-mail
Thús/op lokaasje: Thús
Tiidsynvestearring: 10-15 minuten
Beleanning ja/nee: Nee
Meidwaan: fia dizze ûndersykswebsite >>>
Sjoch ek ris by MEIDWAAN om te sjen by hokker ûndersiken wy dyn help goed brûke kinne!