Meidwaan: ûndersyk nei nepnijs en minderheidstalen
As ûnderdiel fan har ûndersyk by de Fryske Akademy hat Nanna in fragelist ûntwikkele, oer de leauweardichheid fan ferskate trivia-útspraken, en hoe't skreaune teksten beoardiele wurde.
Yn it earste part fan dizze fragelist freegje wy dy om nei 24 útspraken te harkjen en te besluten oft se wier of ûnwier binne. Yn it twadde part wurdsto frege om twa teksten te lêzen en dy te beoardieljen oan 'e hân fan in pear fragen. As lêste befettet de fragelist in pear fragen oer dyn eigen (taal-)eftergrûn.
Meidwaan
Dielname oan dit ûndersyk is alhiel frijwillich. Do bist op elk momint en om hokker reden dan ek frij om op te hâlden mei dyn dielname. Elkenien dy't út Fryslân komt of yn Fryslân wennet mei meidwaan!
Praktyske ynformaasje
Haadûndersiker: Dr. Nanna Haug Hilton
Funksje: senior ûndersiker en Programmakoördinator Taalwittenskip
Kontakt: E-mail
Thús/op lokaasje: Thús
Tiidsynvestearring: 15 minuten
Beleanning ja/nee: Nee
Meidwaan: Fia dizze link >>>
Sjoch ek ris by MEIDWAAN om te sjen by hokker ûndersiken wy dyn help noch mear goed brûke kinne!