Skip to main content Skip to page footer

Mercator Network Newsletter

Mercator Network Nijsbrief oer Europeeske minderheidstalen

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, makket alle moannen in digitale nijsbrief mei it lêste nijs oer edukaasje en beliedsferoaringen oangeande minderheidstalen yn Europa. De nijsbrief wurdt yn Ljouwert makke, yn oparbeidzjen mei de partnerynstituten út it Mercator Network. 

Fan de Universiteit fan Barcelona (Spanje) dogge it Centre Internacional Escarré per a les Minories Ètniques i les Nacions (CIEMEN) en it Centre de Recerca en Sociolingüística i Comunicació (CUSC-UB) hjiroan mei. Yn Hongarije is it HUN-REN Hungarian Research Centre for Linguistics it oansprekpunt, yn Sweden it Institute for Slavic and Baltic languages, Finnish, Dutch and German fan de Universiteit fan Stockholm, yn Ingelân is Mercator Media ûnderdiel fan de University of Wales Trinity St David.

De Mercator Network Nijsbrief wurdt skreaun yn it Ingelsk: edysje #212 is krekt ferskynd en is hjir online te lêzen.

Oanmelde

Wolle jo alle moannen op 'e hichte bliuwe fan de aktiviteiten fan de kennisynstituten fan it Mercator Network en tagelyk it lêste nijs ûntfange oer edukaasje en beliedsferoaringen oangeande minderheidstalen yn Europa? Meld jo hjir fergees oan.