Skip to main content Skip to page footer

De Fryske Rie fan Heraldyk komt mei in spesjalse jubileumútjefte 'Dorpswapens in Fryslân'

Goed 400 Fryske doarpswapens bondele yn jubileumútjefte fan de Fryske Rie foar Heraldyk

De Fryske Rie foar Heraldyk en it Nederlands Genootschap voor Heraldiek organisearje op sneon 3 oktober de jierlikse Heraldyske Dei yn Fryslân. Mei lêzingen fan eksperts, in heraldyske merk én de presintaasje fan in nije útjefte stiet de dei folslein yn it teken fan wapens, identiteit en skiednis.

 

Dat de Heraldyske Dei dit jier nei Fryslân takomt, is gjin tafal. De Fryske Rie foar Heraldyk fiert yn 2026 har 70-jierrich bestean. Ta gelegenheid fan dit jubileum is de lanlike gearkomste nei Ljouwert ta helle. Kommissaris fan de Kening , drs. Arno Brok, sil de dei iepenje.

 

Nije útjefte: Dorpswapens yn Fryslân

Spesjaal foar it 70-jierrich jubileum fan De Fryske Rie foar Heraldyk komt de Fryske Akademy mei in nije útjefte oer doarpswapens yn Fryslân. Yn de publikaasje, skreaun en gearstald troch de herauten Jan T. Anema en Jelle C. Terluin fan de Rie, binne 408 doarpswapens opnommen. Foar doarpen dy’t noch gjin wapen hiene hat de Rie in ûntwerp makke. Dêrmei is dit boek in bysûndere kolleksje fan doarpswapens fan Fryslân.

Al mear as 60 jier heraut

Heraldyk, of wapenkunde, is de stúdzje fan it gebrûk fan wapens en heraldyske symboalen. Wapens binne werkenningstekens fan persoanen, famyljes of organisaasjes. De symboalen op wapens sizze wat oer de drager fan it wapen. Yn it gefal fan doarpen giet dat faak om lânskiplike tekens foar greide, akkerbou of bygelyks in stins. 

Wapens binne ûntstien yn de midsiuwen, doe’t ridders mei harren swiere útrissing hast net werkenber wienen yn de striid of by in toernoai. Dêrom hiene se tekeningen op harren skyld dy’t dúdlik sjen litte moasten om wa’t it gong. De herauten, dy’t ûnder oaren de toernoaien organisearren, koene dan oan de hân fan de wapens de ridders oankundigje. Tsjintwurdich hâlde herauten harren benammen dwaande mei it ûntwerpen en takennen fan nije wapens. Sa ek Jan. T. Anema en Jelle C. Terluin, twa  driuwende krêften efter de Fryske Rie foar Heraldyk, en beide al mear as 60 jier ekspert op it mêd fan wapens.

Heraldyske Dei 2026

De Heraldyske Dei 2026 fynt plak yn Tresoar (Boterhoek 1, Ljouwert). Ynrin is om 11:00 en it programma begjint om 11:30. De dei eindiget om 16:30. De yntree foar de Heraldyske Dei is € 25,- per persoan, ynklusyf kofje/tee, gebak, lunsj en de útjefte fan Dorpswapens in Fryslân fan de Fryske Rie foar Heraldyk.

Oer de Fryske Rie foar Heraldyk

De Fryske Rie foar Heraldyk is oprjochte yn 1956 troch de Fryske Akademy en is it âldste provinsjaal heraldysk kolleezje yn Nederlân. De kommisje jout rie op it mêd fan wapens fan de provinsje, de gemeenten, de wetterskippen, de wapens fan steden, flekken en doarpen en de besteande famyljewapens. Boppedat ûntwerpt de Rie wapens, flaggen en wimpels foar ûnder oare doarpen, famyljes en korporaasjes.