Skip to main content Skip to page footer

Tredde fan rjochts: Jantine van der West (Fryske Akademy)

Netwurksympoasium UNESCO City of Literature Edinburgh

Jantine van der West, meiwurker Citizen Science en Kennisbenutting fan 'e Fryske Akademy, reizge koartlyn ôf nei Edinburgh yn Skotlân foar in netwurksympoasium fan UNESCO City of Literature. 53 stêden oer de hiele wrâld binne troch UNESCO beneamd as City of Literature, as ûnderdiel fan it bredere UNESCO-inisjatyf Creative Cities Network. It programma is yn 2004 inisjearre om sosjale, ekonomyske en kulturele ûntjouwing yn stêden te promoatsjen. Edinburgh wie doe ien fan de earsten dy’t de beneaming City of Literature krige; Ljouwert krige de beneaming yn 2019. 

Akademisy fan ferskate universiteiten út Cities of Literature kamen byinoar op it netwurksympoasium, om best practices te dielen en te praten oer de útdagingen en mooglikheden fan City of Literature yn harren stêden. Van der West: “It wie nijsgjirrich om te sjen hoe’t oare ûndersyksynstellingen tegearre mei de Cities of Literature prachtige projekten opsette dy’t écht ympakt hawwe op de maatskippij, meastal op lokaal nivo, mar soms ek (ynter)nasjonaal. Dit sympoasium hat foar my dúdlik makke hoe’t literêr erfgoed taastber makke wurde kin en hoe’t wittenskiplik ûndersyk dêr in rol yn spylje kin.”

Nei it sympoasium hawwe de dielnimmers in besite brocht oan it Skriuwersmuseum yn Edinburgh en krigen hja nijsgjirrige presintaasjes te sjen oer suksesfolle mienskiplike projekten tusken universiteiten en Cities of Literature. It twadaagse sympoasium waard ôfsletten mei in bysûndere Writers’ Showcase, wêr’t songwriter Conor O’Brien (fan de Ierse band Villagers) trije fan syn wurken foardroech, krekt as de Engelse dichteres Hollie McNish en de Afgaansk-Dútske dichteres Sadaf Zahedi. 

 

Mear ynformaasje

- Konferinsje-website Edinburgh Cities of Literature Conference 2024
- Edinburgh City of Literature
- Leeuwarden City of Literature