Nije perspektiven op de iere midsiuwen: 'Redbad, King of the Frisians'
Redbad, King of the Frisians: New Perspectives on Kingship in Early Medieval Frisia and the Development of a Coastal Identity
Yn febrewaris 2027 ferskynt Redbad, King of the Frisians: New Perspectives on Kingship yn Early Medieval Frisia and the Development of a Coastal Identity, it earste folsleine boek oer Redbad, kening der Friezen, en de maatskippij yn iermidsiuwsk Frisia (sa. 400–800 n.Kr.). Under lieding fan Dr. Han Nijdam (Fryske Akademy) hawwe mear as tritich ynternasjonale ûndersikers út Nederlân, Dútslân, België, Noarwegen en Yslân gearwurke oan in multydissiplinêr oersjoch fan polityk, religy, ekonomy en materiële kultuer.
Oer it boek
De bondel ûndersiket Redbad en it iermidsiuwske Fryske keningskip en de foarming fan in Fryske identiteit yn it kustgebiet fan de Noardsee tusken sa. 400 en 800 n.Kr. It boek biedt in unyk yntegrearre perspektyf op sawol de hearsker as de maatskippij, troch politike struktueren, sakraal keningskip, rjocht, hannel, skipfeart, wapens, keramyk, tekstyl, klean, delsettings, religy en begraffenispraktiken gear te bringen. Dat makket dit it earste folslein multydissiplinêre oersjoch fan Redbad en syn tiid, dat sawol akademyske djipgong as tagonklikens biedt.
Wittenskiplike wearde
Redbad, King of the Frisians ferieniget bydragen fan mear as tritich eksperts út ferskillende dissiplines en ynstellingen, wêrûnder de Fryske Akademy, Fries Museum, University of Groningen, Ostfriesische Landschaft en it Niedersächsisches Institut für historische Küstenforschung. Troch in kombinaasje fan archeologyske, histoaryske, juridyske, matriële-kulturele en religieuze benaderingen biedt it boek in folslein oersjoch fan in regio en tiidrek dy't oant no ta allinnich fragmintarysk bestudearre waarden. It boek makket it mooglik om Redbads politike macht en sakraal keningskip te pleatsen binnen it bredere sosjale, ekonomyske en kulturele netwurk fan de Noardseeregio. Tagelyk sketst it in byld fan it deistich libben, fan hannel en skipfeart oant keramyk, tekstyl en begraffenisrituelen, en lit it sjen hoe't de Fryske identiteit him ûntwikkele yn dy perioade.
Publikaasje en tagong
De open access ferzje fan it Ingelsktalige boek ferskynt yn febrewaris 2027 en is dan fergees online beskikber. Wa't de foarkar jout oan in fysyk eksimplaar, kin tsjin dy tiid gebrûk meitsje fan print-on-demand fia Brepols Publishers.
Ynhâld fan ‘Redbad, King of the Frisians’
Dit binne de haadtema's en haadstikken (ûnder foarbehâld):
Introduction
I. New Perspectives on Early Medieval Kingship in Frisia
1. Early Medieval Kingship in Frisia - Han Nijdam and Diana Spiekhout
2. Sacral Kingship: A Song of Redbad and Woden - Han Nijdam, Ewoud van Aalst, Petter Jensen, Arjan Sterken, and Hilbert Vinkenoog
3. Kingship, Law and the Legal Community - Han Nijdam
4. Weaponry and Its Meanings in Early Medieval Frisia (400-800 AD) - Diana Spiekhout, Egge Knol, Ulrich Lehmann, Johan Nicolay, Han Nijdam, and Annette Siegmüller
5. Gods and Cosmology in Early Medieval Frisia - Han Nijdam, Ewoud van Aalst, Petter Jensen, Diana Spiekhout, Arjan Sterken, and Hilbert VinkenoogII. Archaeological Perspectives on the Development of a Coastal Identity
6. Climate, Vegetation and Plant Use in Early Medieval Frisian Landscapes - Mans Schepers, Felix Bittmann, and Daniel Hepp
7. Depopulation and Migration in the Southern North Sea Area. Towards an Understanding of Regional Variation (c. AD 250-900) - Johan Nicolay and Hauke Jöns
8. ‘Frisian trade’ and Money ca AD 650-900 - Hauke Jöns, Gilles de Langen, Katrin Struckmeyer, Selina Pohl, Kirsten Hüser and Ralf Wiechmann
9. Watercraft of the 'Frisian Realm' - Mike Belasus and Jeroen Vermeersch
10. Settlements and Houses - Jan F. Kegler, Menno Dijkstra, and Andreas Hüser
11. People and technology in Motion – Ceramics From the 4th to the 10th Century on the Southern and Eastern Coast of the North Sea. Occupation Along the Frisian Coast From a Pottery Perspective - Jan de Koning, Katrin Struckmeyer, Andreas Hüser, Martin Segschneider, Sonja König, and Ines Reese
12. Textiles and Clothing in the Early Medieval Southern North Sea Region - Christina Peek, Marjolijn Koens, and Katrin Struckmeyer
13. Burials and Burial Traditions in Frisia - Christina Peek, Menno Dijkstra, Egge Knol, and Selina PohlConclusion — Shedding New Light on Redbad and the Frisians
III. Epilogue
14. Frisian Heritage, Identity and Language Today - Anne Merkuur, Simon Hallink, and Christoph Winter
Folsleine list fan auteurs
- Aalst, Ewoud van. MA (Fryske Akademy)
- Belasus, Dr. Mike (Niedersächsisches Institut für historische Küstenforschung)
- Bittmann, Prof. Dr. Felix (Niedersächsisches Institut für historische Küstenforschung) (redactie)
- Dijkstra, Dr. Menno (Amsterdam University)
- Halink, Dr. Simon (Háskóli Íslands)
- Hepp, Dr. Daniel (Niedersächsisches Institut für historische Küstenforschung)
- Hüser, Dr. Andreas (Museum Burg Bederkesa)
- Hüser, Dr. Kirsten (Niedersächsisches Institut für historische Küstenforschung)
- Jensen, Petter. MA (University of Oslo)
- Jöns, Prof. Dr. Hauke (Niedersächsisches Institut für historische Küstenforschung) (redactie)
- Kegler, Dr. Jan F. (Ostfriesische Landschaft) (redactie)
- Knol, Dr. Egge
- Koens, Marjolijn. MA (University of Groningen)
- König, Dr. Sonja (Ostfriesische Landschaft)
- Koning, Drs. Jan de (Hollandia Archeologen)
- Langen, Prof.em. Dr. Gilles de
- Lehmann, Dr. Ulrich (Niedersächsisches Institut für historische Küstenforschung)
- Merkuur, Dr. Anne (Fryske Akademy)
- Nicolay, Dr. Johan (University of Groningen) (redactie)
- Nijdam, Dr. Han (Fryske Akademy) (hoofdredacteur)
- Peek, Christina. MA (Niedersächsisches Institut für historische Küstenforschung)
- Pohl, Selina. MA (Niedersächsisches Institut für historische Küstenforschung)
- Reese, Ines (Ostfriesische Landschaft)
- Schepers, Dr. Mans (University of Groningen) (redactie)
- Segschneider, Dr. Martin (Niedersächsisches Institut für historische Küstenforschung)
- Siegmüller, Dr. Annette (University of Oldenburg)
- Spiekhout, Dr. Diana (Fries Museum) (redactie)
- Sterken, Arjan. MA (Radboud University Nijmegen)
- Struckmeyer, Dr. Karin (Niedersächsisches Institut für historische Küstenforschung)
- Vermeersch, Jeroen. MA (Gent University/RCE)
- Vinkenoog, Hilbert. MA (Tresoar Leeuwarden)
- Wiechmann, Dr. Ralf
- Winter, Prof. Dr. Christoph (University of Kiel)
Oer Projekt REDBAD
It Europeeske subsydzjeprogramma ‘Interreg VI Deutschland-Nederland’ hat twa miljoen euro frijmakke foar de realisaasje fan it tentoanstellingsprojekt REDBAD. Yn grutskalige útstallings yn Ljouwert en Emden (Dútslân), edukaasjeprogramma’s yn beide lannen, in wittenskiplike publikaasje, in publyksboek en in ‘role playing game’, stiet de midsiuwske Fryske kening Redbad sintraal. Mei-finansiers binne de provinsjes Fryslân en Grinslân en de Niedersächsische Staatskanzlei.
De Fryske Akademy koördinearret de wittenskiplike bondel, dy't útbrocht wurde sil by Brepols Publishers. Oare partners yn it REDBAD-projekt binne, neist it Fries Museum, ek Ostfriesisches Landesmuseum Emden, Ostfriesische Landschaft, Learning Hub Friesland, Onderwijsinstelling Firda, Niedersächsisches Institut für historische Küstenforschung, Stichting Mythemakers en Rijksuniversiteit Groningen.
De tentoanstelling 'REDBAD: de legindaryske kening' yn it Fries Museum yn Ljouwert wurdt in fisueel spektakel: op sneon 5 septimber is de iepening foar it grutte publyk. Hâld de website fan it Fries Museum yn 'e gaten foar mear ynformaasje.