Skip to main content Skip to page footer

Utstalling Redbad

Oftraap projekt ‘Koning Redbad’ yn Ljouwert

De Fryske Akademy en ferskate oare Nederlânske en Dútske ynstellingen hawwe dizze wike in tariedingsgearkomste foar de tentoanstelling oer de midsiuwske kening Redbad. De ôftraap is yn it Fries Museum, dêr't de reizgjende tentoanstelling fan septimber 2026 ôf ek as earste te sjen wêze sil. De partners binne, neist it Fries Museum en de Fryske Akademy, ek de Ostfriesische Landschaft, Mythe Makers, NIhK Wilhelmshaven, Firda, Learning Hub Friesland, Rijksuniversiteit Groningen en it Ostfriesischen Landesmuseum Emden.

Kening Redbad

Noard-Nederlân en Noard-Dútslân diele in rike skiednis en kultureel erfgoed. De útstalling set dizze histoaryske relaasje sintraal oan de hân fan de Fryske kening Redbad (< 670 -719). Ut namme fan de Fryske Akademy is âldfrisist en histoarysk-antropolooch Han Nijdam belutsen by it projekt. Nijdam hat meardere publikaasjes oer kening Redbad op syn namme.

Reizgjende eksposysje

De tentoanstelling oer Redbad is it ferfolch fan de tentoanstellingen ‘Wij Vikingen’ (2019) en ‘Vrijheid, Vetes, Vagevuur’ (2022) yn it Fries Museum. Fan de maitiid fan 2027 ôf is de reizgjende tentoanstelling te sjen yn it Ostfriesischen Landesmuseum yn Emden. Mooglik reizget de eksposysje dêrnei troch nei it Niedersächsischen Landesmuseum Natur und Mensch yn Oldenburg.

Stipe

It projekt Redbad wurdt mooglik makke troch it Interreg Programma Deutschland-Nederland en is meifinansierd troch de Europeeske Uny en de programmapartners.