Skip to main content Skip to page footer

Ljubljana

Oprop bydragen foar DiaClas-sympoasium yn Slovenië

Undersiker prof. dr. Hans Van de Velde is út namme fan de Fryske Akademy de koördinator fan it DIACLEU-projekt, Dialect Classifications of Languages in Europe. It projektteam, mei dêryn ek ûndersikers fan de Universiteit fan Baskelân en de Sloveenske Akademy fan Wittenskippen en Keunsten, is fan doel om in kompleet en histoarysk oersjoch te publisearjen fan dialektklassifikaasjes fan de endogene talen dy't yn Europa sprutsen wurde. 

DiaClas Sympoasium


Fan 23-25 April 2025 organisearret DIACLEU yn Ljubljana (Slovenië) it meardaagse DiaClas sympoasium oer it tema: 'Dialect classification – past, present and future'. It evenemint wurdt hâlden yn ZRC SAZU (it ûndersykssintrum fan de Sloveenske Akademy fan Wittenskippen en Keunsten - Fran Ramovathan Institute of the Slovenian Language), en wurdt mooglik makke troch de Fryske Akademy en de Slovenian Academy of Sciences and Arts. 

DiaClas ferwolkommet ynstjoeringen foar paper- en posterpresintaasjes rjochte op metoaden en techniken foar dialektklassifikaasjes, en rjochte op de takomst fan dialektklassifikaasjes yn de stúdzje fan dialektology en taalfariaasje. 

Alle ynformaasje en de folsleine oprop foar bydragen is te finen op de sympoasium-website.