Skip to main content Skip to page footer

Dei fan de Fryske Taalkunde. Foto: Marieke Balk

Oprop foar bydragen oan Dei fan de Fryske Taalkunde

Op de Fryske Akademy wurdt op freed 11 desimber 2026 de 14e Dei fan de Fryske Taalkunde organisearre. De dei is ornearre foar elkenien dy't direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk.

De organisaasje fan dizze Taalkundedei is yn hannen fan Anne Merkuur, Fenna Bergsma en Martijn Kingma (Taalkundich Wurkferbân) fan de Fryske Akademy. Hja ferwolkomje foarstellen dy't har rjochtsje op it Frysk fanút alle ferskate hoeken fan de taalkunde. Te tinken falt oan: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikografy, sosjolinguistyk, psycholinguistyk, histoaryske taalkunde. 

Fan studint ta heechlearaar: elkenien is wolkom as sprekker op de Taalkundedei. Yn de lêzing kin oer wittenskiplik ûndersyk rapportearre wurde, mar presintaasjes fan ûndersyksplannen, fan spekulaasjes of fan taaldatabanken binne ek wolkom. 

Foar elke lêzing stiet in healoere (20 minuten foar de lêzing, 10 minuten foar fragen). Lêzingen meie holden wurde yn alle talen dy't hearre ta de West-Germaanske taalfamylje. Stjoer – leafst sa gau mooglik, mar op syn lêst foar 15 oktober – in gearfetting fan in heale A4, mei namme en affiliaasje, fia e-mail nei de organisaasje fan de Taalkundedei.

Fergees

Dielname foar sawol sprekkers as taharkers is fergees. Foar kofje en tee wurdt soarge. Wa't sawol moarns as middeis oanwêzich wêze sil, mei oanskowe by in ienfâldige lunch.

It registraasjeformulier stiet al online. Sjoch dêrfoar op de spesjale Taalkundedei-webside.