Skip to main content Skip to page footer

Han Nijdam, Friesch Dagblad. Foto: Marchje Andringa

Persoan efter de wittenskip: Aldfrisist en histoarysk-antropolooch Han Nijdam

Wat was een mensenleven waard? Oudfrisist en historisch-antropoloog Han Nijdam (Amsterdam, 1969) zoekt het antwoord op deze vraag in Oudfriese rechtsteksten uit de middeleeuwen. Met nieuwe projecten probeert hij zijn kennis over vroeger te delen. ,,De tema’s fan doe binne noch hieltyd aktueel.”

Sa begjint it ynterview mei dr. Han Nijdam, dat ôfrûne sneon yn it Friesch Dagblad stie. It is it twadde artikel yn in rige fan tolve: de Fryske Akademy en it Friesch Dagblad sille yn 2025 gearwurkje om de persoanen efter de wittenskip foar it fuotljocht te bringen.

Want wat dogge ús wittenskippers de hiele dei, en, better noch, wêrom dogge hja wat se dogge? Wêr komt dy passy foar de Fryske taal en kultuer einliks wei? Yn 2025 kinne jo alle moannen yn de Wykein-bylage fan it Friesch Dagblad mear lêze oer wat ús kollega's driuwt en wêrom't hja harren wurksume libben yn tsjinst stelle fan de Frisistyk.

It ynterview mei Han Nijdam, ‘Han Nijdam slaat een brug tussen de Friese middeleeuwen en nu’, kinne jo hjir online lêze (ynlogge ferplichte). De earste ôflevering, in ynterview mei Janneke Spoelstra, stiet hjir online (ynlogge ferplichte). Marchje Andringa makke de foto's by de artikelen.