Skip to main content Skip to page footer

Mark Raat, Friesch Dagblad, 24-052025.

Persoan efter de wittenskip: histoarikus Mark Raat

'Mark Raat (Medemblik, 1988) probeert de landschapspolitiek van Fryslân tussen ca. 1600 en 1850 te reconstrueren. ,,As it wiere puzelstikjes byinoar sykje, dat fyn ik moai.”'

Sa wurdt ûndersiker Mark Raat yntrodusearre yn it fyfde artikel yn in rige fan tolve: de Fryske Akademy en it Friesch Dagblad sille yn 2025 gearwurkje om de persoanen efter de wittenskip foar it fuotljocht te bringen.

Want wat dogge ús wittenskippers de hiele dei, en, better noch, wêrom dogge hja wat se dogge? Wêr komt dy passy foar de Fryske taal en kultuer einliks wei? Yn 2025 kinne jo alle moannen yn de Wykein-bylage fan it Friesch Dagblad mear lêze oer wat ús kollega's driuwt en wêrom't hja harren wurksume libben yn tsjinst stelle fan de Frisistyk.

It ynterview mei Mark is te lêzen op de webside fan it Friesch Dagblad (login vereist).

Eardere artikelen yn it Friesch Dagblad