Skip to main content Skip to page footer

Hindrik Sijens, Friesch Dagblad. Foto: Marchje Andringa

Persoan efter de wittenskip: leksikograaf Hindrik Sijens

‘Besmet met het Friese virus’ noemt lexicograaf Hindrik Sijens (Twijzel, 1960) het zelf. Al veertig jaar draagt hij bij aan Friese woordenboeken van de Fryske Akademy. Over de sleutel tot je moerstaal en pitertuerlike staveringsregeltsjes.

Sa begjint it ynterview mei Hindrik Sijens, dat ôfrûne sneon yn it Friesch Dagblad stie. It is it tredde artikel yn in rige fan tolve: de Fryske Akademy en it Friesch Dagblad sille yn 2025 gearwurkje om de persoanen efter de wittenskip foar it fuotljocht te bringen.

Want wat dogge ús wittenskippers de hiele dei, en, better noch, wêrom dogge hja wat se dogge? Wêr komt dy passy foar de Fryske taal en kultuer einliks wei? Yn 2025 kinne jo alle moannen yn de Wykein-bylage fan it Friesch Dagblad mear lêze oer wat ús kollega's driuwt en wêrom't hja harren wurksume libben yn tsjinst stelle fan de Frisistyk.

It ynterview mei Hindrik Sijens, ‘De rijkdom van de taal helpen beleven’ kinne jo hjir online lêze (ynlogge ferplichte). It ynterview mei Han Nijdam, ‘Han Nijdam slaat een brug tussen de Friese middeleeuwen en nu’, kinne jo hjir online lêze (ynlogge ferplichte). De earste ôflevering, in ynterview mei Janneke Spoelstra, stiet hjir online (ynlogge ferplichte). Marchje Andringa makke de foto's by de artikelen.