Persoan efter de wittenskip: ynterviewrige Friesch Dagblad
,,Alles is no wolris ûndersocht, net?”, vroeg haar vader. Nou, nee dus. Janneke Spoelstra (Hijum, 1962) werkt al bijna 25 jaar bij de Fryske Akademy: eerst als ‘korrektor’ en later als ‘leksikograaf’. Zeven vragen aan een groot liefhebber van de Friese taal en letterkunde. ,,Alles wat je fine, ropt ek wer nije fragen op. En in taal is yn prinsipe ûneinich.”
Sa begjint it ynterview mei Janneke Spoelstra, dat ôfrûne sneon yn it Friesch Dagblad stie. It is it earste artikel yn in rige fan tolve: de Fryske Akademy en it Friesch Dagblad sille it kommende jier gearwurkje om de persoanen efter de wittenskip foar it fuotljocht te bringen.
Want wat dogge wittenskippers de hiele dei, en, better noch, wêrom dogge hja wat se dogge? Wêr komt dy passy foar de Fryske taal en kultuer einliks wei? Yn 2025 kinne jo alle moannen yn de Wykein-bylage fan it Friesch Dagblad mear lêze oer wat ús kollega's driuwt en wêrom't hja harren wurksume libben yn tsjinst stelle fan de Frisistyk.
It ynterview mei Janneke Spoelstra stiet hjir online (ynlogge ferplichte).
Marchje Andringa makke de foto by it artikel.