Skip to main content Skip to page footer

Proefskrift ‘Het Heilige Roomse Rijk en de Friese vrijheid’ nei 40 jier op 'e nij útbrocht

De dissertaasje dêr’t histoarikus Oebele Vries yn 1986 op promovearre, is nei 40 jier op ‘e nij útbrocht. Neffens Steven Sterk fan útjouwerij Noordboek wurdt yn dit boek de midsiuwske skiednis fan Fryslân op tagonklike wize útlein. “Der hinget altyd in romantyske slinger om de lette gloarjetiid fan de Fryske midsiuwen. Dit boek jout de feiten, mar wol mei de feardige pinne dy't Oebele eigen is.”

Fryske frijheid

It boek ‘Het Heilige Roomse Rijk en de Friese vrijheid’ giet oer it Fryslân fan de lette midsiuwen, dat wol sizze it gebiettusken de Sudersee en de Wezer. Dêr hienen gjin greven, hartoggen of biskoppen it foar it sizzen, mar ûntwikkele him in ferskaat oan in soarte fan ‘republykjes’. Keazen rjochters, yn letter tiid haadlingen, oefenen dêr in swakke foarm fan gesach út. Better ek wol bekend as de ‘Fryske frijheid’. Dat alles spile him ôf oan de râne fan it Hillige Roomske Ryk. It boek leit út hoe’t yn 1498 in ein kaam oan de Fryske frijheid, nettsjinsteande it feit dat dy yn 1417 mei de takenning fan in frijheidsprivileezje ûnder de beskerming fan it Hillige Roomske Ryk pleatst wie.Op ynhâld is it boek net oanpast, fertelt Vries. “Wol ha ik in neiskrift tafoege mei dêryn in oersjoch fan de sûnt 1986 ferskynde publikaasjes oer it ûnderwerp fan it proefskrift, mei opjefte fan de eventuele oanfollingen of korreksjes dy’t dêr út helle wurde kinne.”

“Fenomeen en swier ûnderskat”

De reden foar Noordboek om it proefskrift op ‘e nij út te jaan is dat it boek de midsiuwske skiednis sa goed útleit. “Ast dit boek lêst, kinst ek begripe hoe't Fryslân der hjoeddedei hinneleit: wâlden, klaai, doarp tsjin doarp.” Sterk skoot syn bewûndering foar de kenner fan de midsiuwen en it Aldfrysk net ûnder stuollen of banken: “Dizze man is in fenomeen en noch altyd swier ûnderskat.”

Gastûndersiker Fryske Akademy

Oebele Vries (Westergeast) wurke oant syn pinsjoen foar it Frysk Ynstitút fan de Rijksuniversiteit Grins as universitêr dosint foar Aldfrysk en Fryske skiednis. Yn 2009 krige er foar syn hiele oeuvre de Joast Halbertsmapriis fan de provinsje Fryslân takend. Sûnt 2014 is er gastûndersiker by de Fryske Akademy.

(It proefskrift út 1986 is ferskynd by útjouwerij De Tille mei it Akademynûmer 663; dizze nije, mei in neiskrift oanfolle edysjehat ek in nij Akademynûmer tawiisd krige: 1151.)