Skip to main content Skip to page footer

Read with MEE Hânboek

Read with MEE: Tips foar it lêzen mei jonge meartalige bern

"In goed begjin mei lêzen en skriuwen op jonge jierren wurdt sjoen as in sterke yndikaasje foar takomstich sukses op skoalle. Foarlêze is in krêftige wize om de takomstige ûntwikkeling fan skriftlike taalfeardigens by jonge bern te stypjen." Mar wat no as it bern thús in oare taal sprekt as op skoalle?

De ûndersikers fan it troch Erasmus+ finansiere projekt Read with MEE, dêr't it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen de koördinator fan is, hawwe in hânboek makke mei ynformaasje, tips en ferwizings foar lêsaktiviteiten mei bern dy't meardere talen sprekke. It ûndersyksteam wit nammentlik dat it dreech wêze kin om tagong te krijen ta ûndersyksresultaten of praktyske ynformaasje oer de meast effektive wizen om foarlêsaktiviteiten te stimulearjen en út te fieren mei meartalige bern.

It hânboek fan Read with MEE, mei de titel ‘De ynklusive ûntwikkeling fan mearfâldige skriftlike taalfeardigens fan it jonge bern’, is no beskikber yn it Frysk en presintearret de belangrykste ûndersyksresultaten yn dúdlike taal, dielt nije ideeën út ûndersyk en docht suggestjes foar konkrete aksjes yn 'e beukerklasse en thús.

Oer ‘De ynklusive ûntwikkeling fan mearfâldige skriftlike taalfeardigens fan it jonge bern’

Undersyk toant oan dat bern dy't thús in oare taal of talen prate as de skoaltaal, ekstra tiid en stipe nedich hawwe om de skoaltaal te learen. Ek foar de ûntwikkeling fan de skriftlike taalfeardigens dêrfan is stipe nedich om op itselde nivo te kommen as harren klasgenoaten dy't allinnich de skoaltaal prate.

Dit hânboek is skreaun foar folwoeksenen dy't wurkje mei jonge bern (fan 2 oant 6 jier) dy't meardere talen prate, wêrûnder learkrêften en meiwurkers yn 'e berne-opfang en it beukerûnderwiis. It is ek bedoeld foar âlden en fersoargers fan jonge bern. It presintearret wichtige ûndersyksresultaten yn begryplike taal, dielt nije ideeën út it ûndersyk en jout praktyske suggestjes foar yn 'e opfang, yn 'e klasse of thús. 

Trije ûnderwerpen

It hânboek behannelet trije ûnderwerpen:

1. Meartaligens: Hoe't bern meardere talen leare en brûke

De taalûntwikkeling fan bern, ek fan bern dy't meardere talen prate, ferrint yn fjouwer haadfazen. Hoewol't elk bern yn syn eigen tempo ûntwikkelet, jouwe dizze fazen ús in dúdlik byld fan hoe't bern leare. It is wichtich om te ûnthâlden dat de omjouwing fan it bern, lykas de belutsenens fan âlden en learkrêften, in tige wichtige rol spilet.

2. Skriftlike taalfeardigens: Lês- en skriuwfeardigens ûntwikkelje

It paad nei iere skriftlike taalfeardigens is foar meartalige bern deselde as foar bern dy’t mar ien taal prate. De wize hoe't skreaune teksten thús of yn 'e mienskip brûkt wurde, kin lykwols ferskille. Dat kin soms ta in probleem liede: lêze en skriuwe yn 'e skoaltaal kin assosjearre wurde mei ‘learen’, wylst lêzen en skriuwen yn 'e thústaal net op deselde wize sjoen wurdt en in legere status krijt. 

3. Profesjonele ûntwikkeling: Advys en strategyen

Profesjonele ûntwikkeling rjochte op meartaligens kin meiwurkers nije kennis bybringe oer ûnderwerpen as hoe't bern mei mear as ien taal leare en dy talen brûke, hoe't talen stypjend en fleksibel ynset wurde kinne yn 'e klasse, en hoe't it twatalige/meartalige brein wurket. Meiwurkers kinne dêrnei nije meartalige praktiken ûntwerpe en ymplemintearje yn harren klaslokalen. Sy kinne dy nije praktiken beprate en evaluearje mei harren kollega's of de organisatoaren by groeps- of yndividuele byienkomsten.

Oan 'e ein fan it hânboek stiet ek noch in checklist dêr'tst de kwaliteit fan boeken foar jonge bern mei beoardielje kinst, plus ideeën foar aktiviteiten om boeken te lêzen mei meartalige bern.

Fergees

It hânboek is fergees del te laden fia de website fan Read with MEE. It hânboek is no al beskikber yn it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Baskysk, en wurdt noch oerset nei it Iersk en Spaansk.