Skip to main content Skip to page footer

Odin van Lejre, sa. 900 nei Kr., 1,75 x 1,98 x 1,25 cm, Lejre Museum/ROMU. Foto: Ole Malling.

Seldsum Deensk byldsje 'Odin fan Lejre' nei REDBAD-útstalling yn Ljouwert

Foar de tentoanstelling 'REDBAD: de legindaryske kening', dêr't de Fryske Akademy ek oan meiwurket, hellet it Fries Museum in útsûnderlik topstik nei Nederlân: de saneamde Odin fan Lejre út it Deenske Lejre Museum. It seldsume sulveren byldsje út de iere midsiuwen jildt as ien fan de wichtichste materiële ferwizings nei de foarkristlike wrâld fan de Noardske goaden yn Noardwest-Europa. Fan 5 septimber 2026 ôf is it objekt te sjen yn Ljouwert.

Ynternasjonaal topstik

It byldsje waard fûn yn Lejre op it Deenske eilân Seeland. Lejre stiet ynternasjonaal bekend om de monumintale keningshallen út de iere midsiuwen, dy't yn ferbân brocht wurde mei keningskip, diplomasy en elitekultuer yn Skandinavië. It lytse sulveren figuerke wurdt oer it algemien ynterpretearre as Odin, ek wol Wodan neamd, sittend op in hege troan, flankeard troch twa fûgels. Ynternasjonaal jildt it objekt as in ikoanysk foarbyld fan iermidsiuwske byldkultuer.

Kening Redbad

Neffens Diana Spiekhout, konservator Middeleeuwen en Terpencultuur fan it Fries Museum, is it objekt in wichtige kaai ta de kulturele wrâld fan Redbad: "Dit byldsje lit de wrâld sjen dêr’t Redbad yn libbe: in wrâld dêr’t âlde goaden, macht en keningskip nau mei-inoar yn ferbûn wiene. Soksoarte byldtaal wie werkenber yn grutte parten fan it foarkristlike Noardwest-Europa, ek yn it Frisia fan Redbad. It is goed foarstelber dat machthawwers as Redbad har beweegden binnen deselde diplomatike en kulturele netwurken dy't machtssintra as Lejre en de Noardseekust mei-inoar ferbûnen. Der bestiet sels in lettere histoaryske boarne dêr't in pakesizzer fan Redbad in Deenske kening yn neamd wurdt."

Oer Projekt REDBAD

It Europeeske subsydzjeprogramma ‘Interreg VI Deutschland-Nederland’ hat twa miljoen euro frijmakke foar de realisaasje fan it tentoanstellingsprojekt REDBAD. Yn grutskalige útstallings yn Ljouwert en Emden (Dútslân), edukaasjeprogramma’s yn beide lannen, in wittenskiplike publikaasje, in publyksboek en in ‘role playing game’, stiet de midsiuwske Fryske kening Redbad sintraal. Mei-finansiers binne de provinsjes Fryslân en Grinslân en de Niedersächsische Staatskanzlei.

De Fryske Akademy koördinearret de wittenskiplike bondel, dy't útbrocht wurde sil by Brepols Publishers. Oare partners yn it REDBAD-projekt binne, neist it Fries Museum, ek Ostfriesisches Landesmuseum Emden, Ostfriesische Landschaft, Learning Hub Friesland, Onderwijsinstelling Firda, Niedersächsisches Institut für historische Küstenforschung, Stichting Mythemakers en Rijksuniversiteit Groningen.

De tentoanstelling 'REDBAD: de legindaryske kening' yn it Fries Museum yn Ljouwert wurdt in fisueel spektakel: op sneon 5 septimber is de iepening foar it grutte publyk. Hâld de website fan it Fries Museum yn 'e gaten foar mear ynformaasje.