Steinhausgespräch: 'Lever dood as Slaav/Leaver Dea as Slaaf'
Ferline wike kamen histoarisy en taalkundigen út East-, West- en Noard-Fryslân yn it Dútske Steinhaus Bunderhee byinoar foar in ekspertworkshop, in saneamd Steinhausgespräch. Ut Fryslân wei wiene dr. Oebele Vries (Fryske Akademy), dr. Han Nijdam (Fryske Akademy) en drs. Otto Knottnerus ôffurdige.
It tema wie 'Leaver Dea as Slaaf' ('Lever dood as Slaav'), in útdrukking dy't men geregeld op it ynternet tsjinkomt, en dy't faak neamd wurdt yn ferbân mei ‘Eala Frya Fresena’, in motto fan de East-Friezen. Kear op kear wurde dizze moadewurden brûkt sûnder se histoarysk yn twifel te lûken. Dêrom kamen op 27 maart 2025, op útnûging fan it Ostfriesischen Landschaft, it Niedersächsischen Landesarchivs – Abteilung Aurich en de Fryske Akademy, 25 eksperts byinoar foar in workshop yn it Steinhaus Bunderhee om te diskusjearjen oer it politike motto ‘Lever dood as Slaav’.
It projekt 'Steinhausgespräch' is mei mooglik makke troch it Interreg-programma Deutschland-Nederland en de programmapartners, en is meifinansierd troch de Europeeske Uny. It sympoasium fûn plak yn it ramt fan it Nederlânsk-Dútske Historikernetzwerk fan de Eems Dollard Regio (EDR).
Dr. Michael Hermann (Niedersächsischen Landesarchivs) en dr. Heiko Suhr (Ostfriesischen Landschaft) skreaune in wiidweidich ferslach foar harren blog Ost-Friesische Geschichte.