Trijelûk foar âld-boargemaster Sybrand Buma: it petear oer Fryslân giet troch
It ôfskied wie in weardefol momint om stil te stean by in petear dat de ôfrûne jierren geregeld weromkaam en wêryn't ûndersyk, bestjoer en persoanlike belutsenheid hieltyd mear mei-inoar ferweve rekken: hoe hâlde wy Fryslân sterk en leefber foar de takomst?
Fries Geluk as begjinpunt
In wichtich momint yn dat petear wie de publikaasje Fries Geluk staat onder druk fan Planbureau Fryslân út 2024. Dat ûndersyk makke grutte yndruk op Buma en sette him oan it tinken oer de takomst fan de provinsje. Wat bart der as fergrizing, krimp en ekonomyske feroaringen hieltyd mear druk sette op wat Fryslân krekt sa sterk makket? En hokker karren binne nedich om dy krêft ek yn 'e takomst te behâlden?
Dy fragen foarmen de oanlieding foar Buma syn eigen pamflet Fries Geluk - Keuzes foar de takomst fan Fryslân. Dêryn skriuwt Buma oer de needsaak om it tradisjonele ekonomyske model opnij te besjen, de ferbining mei de rest fan Nederlân te fersterkjen en benammen gear te wurkjen oan de takomst fan Fryslân.
Wat dogge we no mei dat petear?
Doe't dúdlik waard dat Buma Ljouwert ferlitte soe foar syn nije funksje as vice-presidint fan de Ried fan Steat, ûntstie by Nelleke IJssennagger-van der Pluijm (direkteur-bestjoerder Fryske Akademy) en Arjen Droog (direkteur-bestjoerder Planbureau Fryslân) in nije fraach: wat dogge wy mei it petear dat hy mei oanjage hat? Hans-Paul van der Snee (direkteur-bestjoerder Economic Board Fryslân) sleat him dêrby oan.
It antwurd waard gjin nij ûndersyksrapport, mar wat persoanlikers: trije essays oer Fryslân. Elk út in eigen ynfalshoeke wei, skreaun op persoanlike titel, mei eigen ûnderfinings, observaasjes en fragen. Tegearre foarmje se Ver Ander.
Buma krige de primeur
Yn syn ôfskied krige Sybrand Buma it earste eksimplaar fan Ver Ander oerlange. Mei de bondel wolle de trije auteurs foaral ien ding: it petear net einigje litte by it fuortgean fan in bestjoerder. De fragen dy't Buma de ôfrûne jierren stelde, bliuwe ommers relevant. Wat wolle we behâlde? Wêr moatte wy feroarje? En hokker karren freegje de takomst fan Fryslân fan ús?
De trije essays út Ver Ander binne no foar elkenien te lêzen.
-
Droog, A., IJssennagger-van der Pluijm, N., & Snee, H.P. van der, (2026). Ver Ander - Drieluik Fries Geluk. ISBN 9789083675039 NUR 610