Skip to main content Skip to page footer

Prof. Mirjam Günther-van der Meij (NHL Stenden University of Applied Sciences), Prof. Em. Jarmo Lainio (Stockholm University) and Prof. Sanita Martena (Rezekne Academy of Technologies)

Utferkocht Mercator-kongres oer meartaligens ek online te folgjen

Tongersdei 7 en freed 8 novimber komme hast 150 ûndersikers út Europa, Noard-Amearika en Azië nei Ljouwert om diel te nimmen oan ús kongres oer minderheidstalen en meartaligens yn it ûnderwiis. Dit evenemint is organisearre troch it team fan Mercator, it Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy. 

It tema fan it kongres is 'Shaping Policy for Minority Languages and Multilingualism'. Haadsprekkers binne 

- Prof. Mirjam Günther-van der Meij (NHL Stenden University of Applied Sciences)
“Space and place for regional languages in the Dutch school curriculum”
- Prof. Em. Jarmo Lainio (Stockholm University)
“About the role of individuals in the general outcomes of regional or minority language promotion”
- Prof. Sanita Martena (Rezekne Academy of Technologies)
"They must understand because it is the language of their mother": Parental strategies, family literacy events and child agency in maintaining family languages"
 

Fergees online by te wenjen
 

Deputearre Eke Folkerts fan de provinsje Fryslân sil de iepening fersoargje, tegearre mei dr. Jelske Dijkstra (projektlieder Mercator) en dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm (direkteur-bestjoerder Fryske Akademy).

De Mercator-konferinsje wurdt holden yn it Oranje Hotel yn Ljouwert en is mei 150 dielnimmers op lokaasje útferkocht. Foar wa't der net by wêze kin, is it kongres ek online te folgjen: alle sesjes yn de trije sealen wurde fergees streamd. 

Wolle jo ek ien of meardere sesjes online bywenje? Dat kin fia dizze link, fan tongersdei 09:00 oere ôf. Nei ôfrin fan it kongres wurde de fideobylden fan it kongres online beskikber makke om werom te sjen.

 

Mear ynformaasje
 

- Folsleine programma
- Website konferinsje
- Livestream (start: tongersdei 09:00 oere)