WikiWomen nei Celtic Knot Wikimedia Language Conference
Op de twadde dei fan it Celtic Knot Wikimedia Language Conference yn Ierlân sil it team efter it Erasmus+ projekt WikiWomen de earste toolkits (edukative helpmiddels) foar skoallen, biblioteken en museums presintearje oan it grutte publyk. Us kennissintrum Mercator is ien fan de WikiWomen-projektpartners, yn oparbeidzjen mei Afûk en Learning Hub Friesland út Fryslân, Wikimedia Ireland (IE), Coláiste Oiriall (IE), Euskal Wikilarien Kultura (ES) en Antigua-Luberri institute/ Gobierno Vasco (ES). Mear ynformaasje oer it WikiWomen-projekt fine jo hjir.
Celtic Knot
De Celtic Knot Language Wikimedia Conference is in gearkomste dy't it ferskaat fan Keltyske taalmienskippen en harren oanwêzigens binnen it wrâldwide Wikimedia-ekosysteem erkent. Bewoartele yn de geast fan gearwurking en it fersterkjen fan de mienskip, moat dit evenemint in skeakel wêze foar taalleafhawwers, Wikimedia-meiwurkers, kulturele foarfjochters, akademisy en ûndersikers om mei-inoar te kommen en ynnovative benaderingen te ferkennen foar taalbehâld, promoasje en erkenning fan Keltyske en minderheidstalen yn de digitale romte.
Wannear en wêr?
De konferinsje wurdt holden op 25 -27 septimber 2024 yn Waterford City. Details oer de lokaasje, it programma, registraasje en oare updates kinne jo fine op de website.
Oprop foar bydragen
Jo kinne sels ek in presintaasje jaan. De oprop foar programmafoarstellen is noch iepen oant snein 14 july. Jo kinne in foarstel yntsjinje op de submissions website fan Celtic Knot. Dêr fine jo ek alle details en ynstruksjes.
[Foto: Katie Crampton (WMUK)/ CC BY 4.0]