Wittenskiplik Kenniskafee oer oansprekfoarmen
Tiisdei 17 novimber 2026 wie de ôftraap fan it Wittenskiplik Kenniskafee. Diskear waard der praat oer it tema oansprekfoarmen by de Fryske Akademy.
Hoe kin de Fryske Akademy it bêste mei de eigen efterbân, mar ek oare doelgroepen kommunisearje? Hokker oansprekfoarmen – do, jo of jim – hearre dêrby? Froukje Sijtsma, kommunikaasjeadviseur by de Fryske Akademy joech in koarte yntroduksje op it tema.
Promoasje-ûndersyk nei oansprekfoarmen
Gerbrich de Jong, dosint Frysk by de learareoplieding by NHL Stenden en promovendus oan de Radboud Universiteit Nijmegen, dielde ynsjoggen út har ûndersyk nei oansprekfoarmen yn Fryslân.
It tema oer oansprekfoarmen soarge foar in libben petear ûnder it groepke oanwêzige leden. Hast elkenien dy’t mei it Frysk opgroeit, kent de wrakseling mei it kiezen fan de júste oansprekfoarm. It ûnderwerp joech dêrom gelegenheid foar in soad persoanlike anekdoates. De Jong sjocht yn har ûndersyk dat Friezen eins ‘hiel fatsoenlike minsken’ binne. Mei in knypeach fansels. Soks jildt ek foar de dielnimmers fan it Wittenskiplik Kenniskafee, die bliken.. Alle leden fine it passend om ‘jo’ te sizzen as je elkoar net goed kenne, mar it leafst wurde se sels doke.
It Nederlânske ‘u’ en it Fryske ‘jo’ is ek net itselde, waard opmurken. De earste fielt ôfhâldender as de twadde. En dan hawwe je ek noch dat Fryskeigen “memkjen” (“Mem, kin mem my helpe?”). Hoewol’t it foar net-Frysk sprekkers betiizjend wêze kin, brûke Friezen dit foar in grut part foar minsken dy’t se graach repsekt toane wolle, mar dy’t se dochs ek goed kenne – bygelyks âlders of dosinten.
It brûken fan ‘jo’ en ‘do’ is as in glidende skaal, en it gebrûk fan oansprekfoarmen is relatearre oan de situaasje. Faktoaren as leeftiid, status en fertroudheid spylje in rol yn it bepalen oft je dookje, jookje of jimkje. En sa wie it advys oan de Fryske Akademy: kies net ien fan beide, mar wikselje ôf, ôfhinklik fan de kontekst. En komme je der net út? Dan kinne je it brûken fan oansprekfoarmen noch altyd mije. Net: komme jo de folgjende kear ek by it Kenniskafee? Mar: Kom ek by it Kenniskafee!