Wittenskiplike bondel oer Fryske kening Redbad berikt nije faze
Op 10 maart 2026 wie yn it Ostfriesische Landesmuseum yn Emden in gearkomste fan it redaksjeteam, mei leden fan it Ostfriesische Landschaft, it Niedersächsische Institut für historische Küstenforschung, it Fries Museum, de Ryksuniversiteit Grins en de Fryske Akademy, wêrmei't in nije faze yn it proses ynset waard.
De ôfrûne moannen hawwe de auteurs yntinsyf wurke oan de ûnderskate haadstikken dy't yn de bondel opnommen wurde. Dy binne yntusken sa fier dat it redaksjeproses starte kin. Yn de kommende wiken wurde de bydragen ôfrûne, redigearre en peer-reviewed (troch oare saakkundigen beoardiele).
In oar wichtich ûnderdiel fan dizze faze is de ûntwikkeling fan lânkaarten foar de bondel. Ut namme fan de Fryske Akademy joech HisGis-koördinator Johan Feikens in presintaasje oan it redaksjeteam oer de mooglikheden fan HisGis (it Histoarysk Geografysk Ynformaasjesysteem) en de rol dy't kaarten spylje kinne binnen it ûndersyk nei kening Redbad.
Projekt REDBAD
De bondel is lykwols mar ien ûnderdiel fan it bredere Projekt REDBAD. Dit grutte projekt wurdt útfierd binnen it Interreg VI-programma Deutschland-Nederland en mei finansierd troch de provinsjes Fryslân en Grinslân en de Niedersächsische Staatskanzlei.
In wike nei de gearkomste yn Emden naam de Fryske Akademy diel oan in projektgearkomste fan twa dagen by de Ostfriesische Landschaft yn Aurich. Op dizze gearkomste waarden de partners bypraat oer de fuortgong fan ûnder mear de útstalling, de roleplaying game en de edukaasjeprogramma’s dy’t binnen Projekt REDBAD ûntwikkele wurde.
De tentoanstelling 'REDBAD: de legindaryske kening' yn it Fries Museum yn Ljouwert wurdt in fisueel spektakel: op sneon 5 septimber is de iepening!
Hâld de website fan it Fries Museum yn 'e gaten!