Skip to main content Skip to page footer

Wykein fan de Wittenskip yn Ljouwert en Frjentsjer

Fryske Akademy en oare Fryske organisaasjes jouwe in wykein lang op in tagonklike wize ynsjoch yn 'e wrâld fan wittenskip en technology.

Yn it lanlike Wykein fan de Wittenskip, op 4 en 5 oktober 2024, is der fan alles te belibjen yn Ljouwert en Frjentsjer. Echte wittenskippers jouwe dat wykein op in tagonklike wize ynsjoch yn 'e wrâld fan wittenskip en technology. Besikers krije in unike blik efter de skermen by organisaasjes en meie op plakken komme dy't gewoanwei net sichtber binne foar publyk. 

It Wykein fan de Wittenskip is geskikt foar (hast) alle leeftiden, mei in fokus op gesinnen mei bern tusken 8 en 14 jier. 

Yn Ljouwert wurkje ferskate organisaasjes mei-inoar gear. Campus Fryslân stelt de doarren iepen foar lêzingen fan ûndersikers fan de Fryske Akademy en Tresoar, en ek Dbieb en Natuermuseum Fryslân organisearje nijsgjirrige aktiviteiten. De Akademy fan Frjentsjer stelt in bysûnder programma gear op ferskate lokaasjes in it sintrum fan de stêd. 

Diederik Jekel, wittenskipssjoernalist, bekend fan û.a. Zapplive, Willem Wever, de Slimste Mens en Jekels Jacht, nimt yn Ljouwert as haadsprekker it publyk mei yn de wrâld fan de wittenskip yn it Beursgebou fan de Campus Fryslân. Fan 18 septimber ôf stiet it folsleine programma op de lanlike side fan it Wykein fan de Wittenskip.