Skip to main content Skip to page footer

WikiWomen

Ynspiraasjemiddei en Fryske Wiki-edit-a-thon fan WikiWomen

It team efter it ynternasjonale Erasmus+ projekt WikiWomen, dat bestiet út in konsortium fan kennispartners út Fryslân (Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen/Fryske Akademy, Afûk en Learning Hub Friesland), Ierlân (Wikimedia Ireland, Coláiste Oiriall) en Baskelân (Euskal Wikilarien Kultura en Antigua-Luberri institute/Gobierno Vasco), nûgje jo út foar in ynspirearjende meartalige dei op woansdei 20 novimber yn Ljouwert.

Jo kinne middeis fan 15:00-17:00 oere al meidwaan yn de Stadskas yn Ljouwert: harkje nei learlingen, dosinten en kultuerprofessionals út Fryslân, Ierlân en Baskelân dy't harren ûnderfiningen diele oer it brûken fan Wikipedia om gender- en taalûngelikens te bestriden. Wat kinne jo ferwachtsje?

​- Persoanlike ferhalen en ynteraktive sesjes;
- Untdek hoe’t Wikipedia minderheidstalen befoarderet en froulju online better represintearret;
- Brûk de WikiWomen-resultaten om digitale en ûndersyks- en taalfeardichheden te ferbetterjen yn jo wurk of ûnderwiis.

 

Skriuw de froulju yn!

Jo binne ek fan herte útnûge foar it jûnsprogramma: de Fryske Wiki edit-a-thon ‘Skriuw de froulju yn!’

Jûns stiet it programma yn it teken fan it meitsjen fan in ynklusiver Wikipedia. Wy sille ús rjochtsje op it skriuwen fan artikels oer ynspirearjende, minder bekende froulju. Jo kinne om 18.30 oere oanslute foar in hapke en in ynformeel moetsjen, of jo kinne om 19.30 oere oanslute foar it haadprogramma, dat ûnder oare presintaasjes oer ynspirearjende froulju, in crash course Wikipedia bewurkjen en in edit-a-thon om nije artikels te meitsjen omfettet.​ Nim dyn eigen laptop mei en kom nei de Stadskas! Om 22:00 oere hinne is it programma dien.

 

Mear ynformaasje

- WikWomen projektwebsite