Ynteraktyf lêze mei jonge bern (2-6 jier) - Read with MEE!
Gean mei op aventoer mei Slak en Stikel, twa lytse maten! It Read with MEE-spul biedt in mienskiplike lêsûnderfining yn 10 talen en stimulearret de ynteraksje tusken bern en folwoeksenen wylst se mei-inoar it ferhaal ûntdekke.
Dit webinar is bedoeld foar âlden en fersoargers fan jonge bern (2-6 jier) dy't witte wolle hoe't ynteraktyf lêzen de taalûntwikkeling fan bern stimulearje kin en hoe’t digitale helpmiddels helpe kinne om mei-inoar yn ferhalen te dûken.
It is ek bedoeld foar elkenien dy't mei jonge meartalige bern wurket, lykas learkrêften yn de beuker- en foarskoalske opfang en biblioteekmeiwurkers.
It webinar wurdt laat troch Lorna Carson (Trinity College Dublin), Stephan Burghout (8D), Laura Nap (NHL Stenden Hogeschool) en Elizabet Arocena Egaña (EHU). Koördinator fan it projekt is it Mercator European Research Centre on Multilingualism and Language Learning.
Fergees
It webinar is op 20 maaie fan 16:15-17:00 oere. It is fergees, mar oanmelding yn 't foar is wol needsaaklik: https://us06web.zoom.us/webinar/register/WN_lfvlsG5rTiCoCHdWIGRZhQ#/registration