Skip to main content Skip to page footer

It Read with MEE projektteam, mei oan de linkerkant, steand: Martine Jansen en Jelske Dijkstra fan Mercator/Fryske Akademy

Ynternasjonale gearkomste Read with MEE-projekt yn Ljouwert

Koartlyn reizgen de leden fan it ynternasjonale projektkonsortsium Read with Multilingual Early Education nei Ljouwert ta foar in tredde projektgearkomste. Dit Erasmus+ projekt is in gearwurking tusken NHL Stenden (NL), 8D Games (NL), ATiT (BE), University of the Basque Country (ES), Trinity College Dublin (IE) en Fryske Akademy / Mercator Europeesk Kennissintrum (koördinearjende partner). Neffens projektkoördinator Martine Jansen wiene it “al mei al twa tige produktive en ynspirearjende dagen yn Ljouwert!”.

Op de earste dei wie de groep te gast by NHL Stenden en binne grutte stappen set as it giet om alle outputs fan it projekt: in hânboek, fideo’s mei fraachpetearen en praktykfoarbylden, en in game. Middeis wiene lokale eksperts belutsen by de collaborative writing hub en binne yn groepkes trije ferhalen skreaun dy’t as ynput fungearje foar de game. Op de twadde dei wie it konsortsium te gast by 8D Games yn Ljouwert. Dêr hat it selskip fierder wurke oan de ferhalen, en hat dêrmei de basis lein foar de serious game. Yntusken wie in diel fan de projektpartners sels al dwaande om filmopnames te meitsjen op twa skoallen yn Fryslân. Mear hjiroer folget ynkoarten.

Oer Read With MEE

It Erasmus+ projekt Read with Multilingual Early Education (Read with MEE) sil ynnovative tools en materiaal ûntwikkelje om de lêsfeardigens fan jonge meartalige bern (2-6 jier) te befoarderjen. It projekt spilet yn op in driuwende útdaging yn it ûnderwiis, omdat bern dy't meartalich opgroeie faak ûngelikense ûnderwiiskânsen hawwe yn ferliking mei harren ientalige leeftydsgenoaten. Troch de ûntwikkeling fan thústalen fan bern te stypjen en te wurdearjen, rjochtet it Read with MEE projekt him op wichtige Europeeske prioriteiten, lykas ynklusy en diversiteit yn it ûnderwiis en it ferbetterjen fan de basisfeardichheden fan jonge bern.

Read with MEE is in gearwurking tusken seis partners út Nederlân, België, Ierlân en Spanje, en wurdt koördinearre troch it Mercator Europeesk Kennissintrum.

Nei de website fan Read with MEE >>