Skip to main content

Ekonomy NOF-regio yn 'e fersnelling

It tastânbringen fan ’e Sintrale As kin in omslachpunt wêze wat de regionale polityk foar Noardeast-Fryslân oanbelanget. In lang skoft stie ynfrastruktuer boppe-oan de wurklist, mar mei de flugge noard-súdferbining is it paad no frij foar in belied dat rjochte is op regionale ynnovaasje en minsklik kapitaal.

Dat boadskip wurdt mei sifers en trendanalyzes ûnderboud yn ’e twadde Ekonomyske Fitaliteitsscan fan ’e Fryske Akademy. Dy waard hjoed troch ûndersiker Marijn Molema presintearre op in parsegearkomste by skipswerf Barkmeijer yn Strobos. Dêr hawwe û.o. deputearre Johannes Kramer en boargemasters Gerben Gerbrandy en Marga Waanders plannen presintearre om oant 2025 ekstra yn te setten op ynnovaasje, ûndernimmerskip en gearwurking yn Noardeast-Fryslân.

Yn 2016 klattere de ekonomy fan Noardeast-Fryslân stadichoan wer wat by de wâl op, nei in langduorjende krisis. It tal banen yn dy regio naam ta en ’e ynvestearrings en winsten allyksa. Dy ferbettering rint wol wat efter ferlike mei de lanlike trend. De regio is op mear as ien wize ôfhinklik fan ’e (Noard-)Nederlânske ekonomy. Sa giet de helte fan wat Noardeast-Fryske bedriuwen ferkeapje nei ôfnimmers bûten it gebiet. Boppedat fertsjinje in soad wurknimmers de kost yn Ljouwert of Drachten. De ûndersikers roppe de regio dêrom op om de swetten út te lizzen. Bestjoerders moatte ek oparbeidzje mei organisaasjes dy’t op provinsjaal of (Noard-)Nederlânsk nivo warber binne. Tagelyk moatte provinsjale en nasjonale beliedsmakkers mear omtinken jaan oan ’e ekonomyske potinsjes fan Noardeast-Fryslân.

Ekonomyske potinsjes sitte benammen yn fjouwer wichtige sektoaren: bou, libbensmiddelsyndustry, lânbou en metaal. Yn dy sektoaren wurdt hurd arbeide. Undernimmers ûnderskiede har troch betrouberens en selsredsumens. Guon trends binne noedlik; sa rûn it tal oanmeldings foar bou- en metaalrelatearre opliedings de lêste jierren tebek. Om ’e stimulearjende sektoaren yn posysje te hâlden, moatte ekonomyske potinsjes better oer it fuotljocht brocht wurde, sadat jonge minsken dochs nochris neitinke oer in wurkkarriêre yn ’e (eigen) regio.

It fuortsterkjen fan ekonomyske potinsjes kin ek dien wurde troch it stimulearjen fan regionale ynnovaasje. De Fitaliteitsscan helllet foarbylden fan ûndernimmersnetwurken oan dêr’t de regio fan leare kin. Skoallen, oerheden en it bedriuwslibben kinne harren oparbeidzjen fuortsterkje. It fuortsterkjen fan netwurken kin begjinne út besteande organisaasjes sa as de ‘Kenniswerkplaats’, ‘Gouden Driehoek’, stifting ‘RegioMarketing Toerisme’ en it ‘Kennis- en Innovatiehuis’, wei. Dy ynstellings moatte fûleinich stipe wurde, om’t se it startpunt binne fan belied dat rjochte is op ’e kennisekonomy.

De Fryske Akademy kaam ta boppesteande konklúzjes op grûn fan 50 ynterviews, dy’t oanfolle binne mei sifermateriaal en dy’t byinoarbrocht binne yn in ferheljende analyze. De scan is ûnderdiel fan in mearjierrich ûndersyksprojekt dat útfierd wurdt yn nau oparbeidzjen mei de Provinsje Fryslân. It projekt hat as doel om by te dragen oan effektive aksjes dy’t rjochte binne op it stimulearjen fan ’e regionale ekonomy. Ta de doelgroepen hearre bestjoerders, beliedsmakkers en politisy dy’t warber binne yn Fryslân of op lanlik nivo. Fierder hearre ûndernimmers út ’e regio, bestjoerders fan kennisynstellings en maatskiplike organisaasjes ta de doelgroepen. It ûndersyk is ûnderdiel fan it ûndersykstema ‘Ekonomyske klusters’ fan ’e Fryske Akademy.