Skip to main content

Het verhaal van Nederland - Oranje Nassau

Het verhaal van Nederland - Oranje Nassau mei Daan Schuurmans (byld: NTR)

Nei it súkses fan Het verhaal van Nederland oer de skiednis fan Nederlân dûkt it Het verhaal van Nederland - Oranje Nassau yn de skiednis fan it  Huis van Oranje-Nassau. Fan de earste Nassaus dy't foet setten op Nederlânske boaiem yn Breda, oant kening Willem-Alexander. Yn in 8-dielige televyzjerige, útstjoerd fan woansdei 31 jannewaris 2024 om 20:30 oere by de NTR op NPO 1, nimt ferteller Daan Schuurmans de sjoggers mei by de hichte- en djiptepunten fan de Oranje dynasty. Daan giet nei elts plak fan betsjutting en komt somtiden midden yn in drama op. Dêrneist wurdt syn fertelling kombinearre mei kommentaar fan saakkundigen. 

Nei Fryslân
Yn ôflevering 4, Van goede naam en faam' (trailer), fan 21 febrewaris 2024, giet it ferhaal nei Fryslân, dêr't de famylje Nassau-Dietz de Oranjelijn fuortset nei it ferstjerren fan kening-stêdhâlder Willem de Tredde. Ut Ljouwert wei besykje sy  de goede namme fan harren Oranjefoargongers heech te hâlden en it stêdhâldersskip oer hiel Nederlân te bemachtigjen. Oan dizze ôflevering hat dr. Hanno Brand, histoarikus by de Fryske Akademy, syn meiwurking ferliend.

Princessehof 
De rige giet roch 600 jier skiednis, docht de Oranjestêden Breda, Delft, De Haach, Buren en Apeldoarn oan. Der is draaid op bysûndere lokaasjes lykas de yndrukwekkende Oranjeseal yn paleis Huis ten Bosch, it wenferbliuw fan Willem-Alexander en Máxima. Ek Paleis het Loo hat syn doarren iepene om as lokaasje te tsjinjen foar de searje, lykas Paleis Soestdijk en it Princessehof yn Ljouwert.

Podwalks
Yn acht podwalks fan Het verhaal van Nederland - Oranje Nassau nimt Daan Schuurmans kuierders mei werom yn de tiid. Nei it plak dêr't de Oranjeskiednis ta libben komt en dêr't it allegear barde: it ûntstean fan de Oranje dynasty oant de hjoeddeistige tiid mei Kening Willem-Alexander op de troan. De podwalks binne allinne te beharkjen op lokaasje (fia de app Het verhaal van Nederland). Kuierje troch it histoaryske sintrum fan Ljouwert, by de forten fan Den Helder del of harkje hoe't it libben wie op it Kastiel fan Breda.