Sykje, Hifkje en Oersette. Praat mei oer de takomst fan Frysker.nl
De Fryske Akademy nûget jo graach út foar in gesellige en ynspirearjende middei. Mei oare brûkers fan Frysker.nl sille wy yn petear oer de tools Sykje, Hifkje en Oersette en oer de takomst fan it platfoarm.
💬 Wat wurket goed?
💡 Wat misse jo noch?
🚀 Hokker nije mooglikheden sjogge jo?
En omdat goede petearen better gean mei in bytsje gesellichheid, slute we ôf mei in drankje.
Datum: tongersdei 26 maart 2026
Tiid: 13:30-16:30 oere
Lokaasje: Fryske Akademy (Doelestrjitte 8, Ljouwert) yn It Aljemint (fia de binnentún, dus net fia de haadyngong).
Oanmelde: fia edrenth@fryske-akademy.nl