Bergsma, dr. F. (Fenna)
Spesjalismen
Syntaksis en morfology
Biografy
Fenna Bergsma (1991, Reduzum) is fan oktober 2021 ôf taalkundich ûndersiker oan ’e Fryske Akademy en docht ûndersyk nei Fryske morfology en syntaksis. Hja behelle yn 2013 har bachelordiploma Linguistics oan de Ryksuniversiteit yn Grins en yn 2015 har masterdiploma Linguistics oan de Universiteit fan Amsterdam. Se hat har proefskrift oan de Goethe Universiteit yn Frankfurt (Dútslân) skreaun, oer hoe’t de ynterne struktuer fan in wurd de grammatikaliteit fan in sin beynfloedet. Se fergelike dêrfoar frije relatyfsinnen en relatyfpronomen út ferskillende talen mei inoar.