Skip to main content Skip to page footer

Bloemhoff, dr. H. (Henk)

Spesjalismen

Fonology, histoaryske taalkunde, leksikografy, syntaks en toponymy (Stellingwerfs en Nedersaksysk).

 

Biografy

Henk Bloemhoff (Nijeberkeap, 1948) studearre Nederlânske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins (1971-1978), mei as byfakken Nedersaksysk en Midfrysk. Fan 1978 oant 1981 wurke er as dialektolooch en fan 1985 oant 1988 as haad Wittenskip oan de Iselakademy yn Kampen. Ek wie er in skoftlang wurksum oan it Nederlânsk resp. Nedersaksysk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins, ûnder oaren foar dissertaasjeûndersyk, as dosint Histoaryske taalkunde en as mei-auteur fan it Woordenboek van de de Drentse Dialecten. By it dissertaasjeûndersyk gie it om de hifking fan de natuerlike generative fonology oan de hân fan it Stellingwerfsk (promoasje yn 1991).

Bloemhoff is de grûnlizzer en auteur fan it fjouwerdielige Stellingwarfs Woordeboek (1994-2004). Yn it skoft 1991-2009 wie Bloemhoff as taalkundige wurksum by de Stichting Stellingwarver Schrieversronte. Fierder wie er fan 1979 ôf, oant syn pensioen yn 2013, (haad)dosint Algemiene en Histoaryske taalkunde fan it Nederlânsk yn de master- en bacheloropliedings fan de NHL (no: NHL Stenden University of Applied Sciences).