Brand, prof. dr. A.J. (Hanno)
Spesjalismen
Skiednis fan de lette midskiuwen en de ier-moderne tiid, stêdselites, hof en hofkultuer, Hanze, Fryske stêdhâlders, maritime skiednis fan Fryslân
Biografy
Hanno Brand (Gouda 1959) studearre Skiednis fan de midsiuwen yn Leien en Gent (België). Yn 1986 hat er as promovendus en dosint wurke oan de Fakgroep midsiuwske skiednis fan de Universiteit Leien. Yn 1989 folge in oanstelling oan de Universiteit Gent as dosint en ûndersiker. Tusken 1995 en 2001 wurke er as postdoc en projektlieder oan it Deutsches Historisches Institut yn Parys. Syn ûndersyk rjochte him dêr op it Boergondyske hôf yn de fyftjinde iuw. Yn 2011 folge de oerstap nei de Ryksuniversiteit Grins, dêr’t er as dosint en postdoc-ûndersiker oansteld waard by de Fakgroep midsiuwske skiednis. Dêr wie er lieder fan it Hanze Stúdzjesintrum en ferrjochte er ûndersyk nei de relaasjes tusken de Nederlannen en de Hanze yn de fyftjinde en sechstjinde iuw.
Brands dissertaasje Over macht en overwicht. Stedelijke elites in Leiden 1420-1510 ferskynde yn 2006. Fan syn hân binne goed santich artikels yn seis talen ferskynd. Hy wie einredakteur fan in tsiental bondels en ien fan de gearstallers fan de trijedielige argyfynventaris Baltic Connections (2007).
Yn 2009 kaam Brand yn tsjinst fan de Fryske Akademy en begûn er as haad fan de Fakgroep skiednis. Sûnt rjochtet syn ûndersyk him op de Fryske steedhâlders en de Fryske maritime skiednis yn de iermoderne tiid. Nei in koart ynterimskoft wie er fan desimber 2013 oant jannewaris 2018 direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy. Fan 2017 oant 2022 wie Brand foar de Fryske Akademy bysûnder heechlearaar Fryslân yn de hannelsnetwurken fan pre-yndustrieel Europa (1000-1800) oan de Fakulteit der Letteren, Ryksuniversiteit Grins (RUG).