Skip to main content Skip to page footer

Heeringa, dr. ing. W.J. (Wilbert)

Spesjalismen

Dialektometry, fonetyk, statistyk.

 

Biografy

Programmeur en datawittenskipper Wilbert Heeringa (Grins, 1970) helle syn yngenieursgraad yn 1993 en syn mastertitel yn 1997. Yn 2004 promovearre er mei it proefskrift Measuring Dialect Pronunciation Differences using Levenshtein Distance, oan de Ryksuniversiteit Grins. Fan 2007 oant 2011 wurke er op it Meertens Instituut yn Amsterdam. Hy besocht 86 doarpen yn Nederlân en Flaanderen, dêr't er de pleatslike dialekten fêstlei sa't dy sprutsen waarden troch âldere manlju en jongere froulju. Mei it ferlykjen fan it dialektgebrûk fan dy twa kategoryen, meat er dialektferoaring yn skynbere tiid mei omtinken wurdskat, morfology en lûdkomponinten.

Heeringa wie behelle by in projekt fan 'e Universiteit fan Oldenburg dêr’t lûdfariaasje yn it Saterfrysk by ûndersocht waard troch doarpen en generaasjes hinne. Ek wie er ferbûn oan it Thomas More University College yn Antwerpen en ûntwikkele hy in trainingssysteem foar de útspraak fan lûden.