Hilton, dr. N.H. (Nanna)
Spesjalismen
Sosjolinguistyk, taalhâldingen, fonetyk, citizen science, taalplanning en -belied
Biografy
Nanna Haug Hilton (Ringerike, Noarwegen) studearre Ingelske taal en kultuer (MA yn 2005) en promovearre (2010) oan de Universiteit fan York op in proefskrift oer standerttaalideology en regionale taalferoaring. Har eardere ûndersyksûnderwerpen omfetsje taalferoaring en regionale identiteit yn Noarwegen; ûnderlinge fersteanberens tusken talen (yn oparbeidzjen mei Charlotte Gooskens en Anja Schüppert yn it Micrela-projekt oan de Ryksuniversiteit fan Grins) en taalhâldingen en taalbelied yn Fryslân. Tusken 2016 en 2020 late se it projekt ‘Stimmen fan Fryslân’, dat it publyk beluts by taalkundich ûndersyk yn de regio.
Hilton hat wurke as universitêr haaddosint by Fryske taal en kultuer, letter Minority & Multilingualism, oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Tusken 2011 en 2020 joech se dêr kolleezjes op it mêd fan sosjolinguistyk, taalsosjology, Frysk as minderheidstaal en meartaligens.
Oan de Fryske Akademy docht se sûnt desimber 2025 sosjolinguistysk ûndersyk yn de Fryske spraakmienskip, en is se programmakoördinator taalwittenskip.