Looijenga, A.R. (André), MA
Spesjalismen
Leksikografy, kultuerskiedenis fan talen, ier-modern Frysk (Midfrysk), letterkunde, Latynske en Grykske filology,
Biografy
André Looijenga (Tersoal, 1982) hat Grykske en Latynske Talen en Kultuer studearre oan ’e Ryksuniversiteit Grins, wat er ôfslute mei de researchmaster Classical, Medieval and Renaissance Studies. Syn niget oan talen, skiednis en literatuer makke dat er him dêrneist hieltyd mear mei it Frysk dwaande hold.
Looijenga hat fan 2011 oant 2019 redakteur fan it Frysk literêr tydskrift Ensafh west. Hy hat ferskate oersettings nei it Frysk ta publisearre. Hy is ko-auteur fan Meelijwekkend volk, in publyksboek oer de skreaune boarnen oer Friezen út ’e âldheid en iere midsieuwen. Hy is ek ien fan de trije gearstallers fan Swallows and Floating Horses, in blomlêzing fan Fryske literatuer út acht iuwen, mei Ingelske oersettingen en ynliedingen.
Fan 2022 oant 2023 skriuwt Looijenga by de Fryske Akademy as leksikograaf mei oan it Online Nederlânsk-Frysk Wurdboek (ONFW) en wurke er as dosint klassike talen yn it fuortset ûnderwiis. Yn 2023 is hy begûn oan in promoasjetrajekt op it mêd fan kulturele, taalkundige en sosjiale kontekst fan iermoderne Fryske literêre teksten.