Meer, drs. C. (Cor) van der
Spesjalismen
Sosjology, meartaligens, taallearen, ûndersyksmetodology, regionale en minderheidstalen, (digitale) datapreservearring en -argivearring
Biografy
Cor van der Meer (Drachten, 1957) helle syn master Sosjology en Undersyksmetodology oan de Ryksuniversiteit Grins yn 1988. Sûnt 2004 is er ûndersiker en projektlieder by de ôfdieling Sosjale Wittenskippen fan de Fryske Akademy. Hy wie oant syn pensionearing yn 2023 projektlieder fan Mercator, it Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, in NGO dy’t him taleit op it winnen, distribuearjen en tapassen fan kennis oangeande taalferskaat yn Europa.
Van der Meer is in ekspert op it mêd fan meartaligens, regionale en minderheidstalen en taalwinning. Earder hat er wurke as seniorspesjalist gebrûk fan survey-gegevens en digitale depots yn Amsterdam. Yn de rin fan de jierren hat er bestjoerslid west fan ferskate ynternasjonale organisaasjes. Hy presintearret syn wurk geregeldwei op kongressen en seminars, yn en bûten Europa.