Mol, prof. dr. J.A. (Hans)
Spesjalismen
Midsiuwske skiednis, kleasterskiednis, skiednis geastlike ridderoarders, militêre skiednis, delsettingsskiednis, histoarysk GIS.
Biografy
Hans Mol (Kapelle, 1954) studearre skiednis en histoaryske geografy oan 'e Vrije Universiteit Amsterdam, dêr’t er yn 1991 ek promovearre (cum laude). Hy wie fan 1986 oant syn pensionearring yn 2023 yn tsjinst by de Fryske Akademy as ûndersyksmeiwurker midsiuwske skiednis. Tusken 1996 en 2008 wie er haad fan 'e fakgroep Skiednis.
Sûnt 2003 wie er út namme fan ’e Fryske Akademy ek ferbûn oan de Universiteit Leiden as bysûnder heechleraar foar de skiednis fan de Fryske lannen yn de midsiuwen. Hy skriuwt faak oer kleasters, krústochten en oarloggerij. Yn 2011 kaam der in boek fan him út oer de geastlike ridderoarders yn de Nederlanden ûnder de titel Vechten, bidden en verplegen. Yn 2013 publisearre er yn ‘e mande mei Peter van der Meer de boarne-útjefte De Beneficiaalboeken van Friesland, 1543. En yn 2017 ferskynde syn monografy De Friese volkslegers tussen 1480 en 1560. Fierder is er belutsen by de ûntwikkeling fan in histoarysk GIS foar Nederlân: HisGIS.
Hans Mol is co-editor fan it tydskrift The Medieval Low Countries en is bestjoerslid fan de Internationale Kommission zur Erforschung des Deutschen Ordens.