Skip to main content Skip to page footer

Reitsma, dr. L. (Liefke) EMC

Spesjalismen

Sosjolinguïstyk, Taalferoaring, Groepsdynamyk, (Ynternasjonaal) Undersyksbelied, Strategyske organisaasjefraachstikken, Feroarkunde.

Biografy

Nei har stúdzjes Nederlânsk en Frysk (beide Universiteit fan Grins, 2001) hat Liefke Reitsma ûndersyk dien nei twataligens en taalferoaring yn Fryske tiidwurdgroepen. Dêrnei (2007-2022) hat hja in brede ynternasjonale karriêre as ryksamtner opboud. Hja wurke ûnder oare oan ûndersyksbelied en ynternasjonaal belied by it Ministearje fan UKW (OCW). Ek wurke hja fiif jier as fertsjintwurdiger by UNESCO yn Parys. Letter wie hja ferantwudlik foar de koördinaasje fan it Erasmus-programma en fertsjintwurdige hja Nederlân yn de wurkgroepen foar heger ûnderwiis fan de EU en de OEGU (OESO).

Werom yn Nederlân pakte hja ek har ûndersyk wer op en sy is yn 2021 promovearre op it proefskrift 'Bilingualism and contact-induced language change: exploring variation in the Frisian verbal complex' (Universiteit fan Grins).

Tusken 2022 en 2025 wurke Liefke as senior adviseur oan strategysk-bestjoerlike opdrachten by ferskate (ûnderwiis)organisaasjes en ûndersyksynstellingen. Yn 2025 naam hja in sabbatical en rûne hja de oplieding Executive Master in Change (Insead) ôf mei in ûndersyk nei de ynfloed fan politike en organisatoaryske feroaringen op oerheidsorganisaasjes.

By de Fryske Akademy kombinearret hja har wittenskiplike eftergrûn mei har ûnderfining yn belied en (interim) management.