Slootweg. dr. T. (Tom)
Spesjalismen
digitale geasteswittenskippen, digitale skiednis, mediaskiednis.
Biografy
Tom Slootweg (Voorburg, 1983) studearre skiednis en kultuer- en mediawittenskippen oan de Ryksuniversiteit Grins. Dêr promovearre er ek op in proefskrift oer amateurfideo yn Nederlân tusken de jierren sechtich en njoggentich fan de foarige iuw. Foardat er as ynformaasjespesjalist by de Fryske Akademy oan de slach gie, wie er postdoktoraal ûndersiker en dosint oan de Universiteit Utrecht en universtair dosint eigentiidske skiednis yn Grins. Fan 2020 oant 2025 wie Slootweg redaksjefoarsitter fan Tijdschrift voor Mediageschiedenis.
By de Fryske Akademy is Slootweg it kontaktpersoan foar it registraasjesysteem Pure en wurket er oan digitalisearringsfraachstikken foar wittenskiplik ûndersyk oan it ynstitút.