Skip to main content

Presintaasje Anne Merkuur op ynternasjonaal morfologenkongres yn Hongarije

Fryske Akademy-ûndersiker Anne Merkuur wie ien fan de sprekkers op de 20e International Morphology Meeting yn Budapest. Dat is in twajierliks ynternasjonaal kongres foar morfologen: taalkundigen dy’t fokusje op wurdfoarming. It is om en om yn Budapest en Wenen en dit jier waard it holden yn Budapest en organisearre troch it Hungarian Research Centre for Linguistics (NYTK).

Tegearre mei Fenna Bergsma (Fryske Akademy), Jan Don (Open Universiteit) en Meg Smith (Universiteit van Amsterdan) wurket Merkuur oan in ûndersyk nei de Fryske tiidwurdklassen. De resultaten fan dat ûndersyk oant no ta hat Meg Smith yn Budapest presintearre yn de lêzing 'Morphological Classes without Class-features'.

Sels hat Merkuur in presintaasje jûn oer de feroarjende twadde persoan doetiid yn Fryske tiidwurden (wêrom sizze guon jonge minsken tsjintwurdich do wurktest, ynstee fan do wurkest). Har lêzing hie de titel 'Analogy across classes and languages: Regularisation in Frisian 2SG past forms'. Ek hat sy meidien oan de sessy ‘Analogy yn ynfleksje’.

It programma fan it International Morphology Meeting kinne jo hjir werom fine: http://www.nytud.hu/imm20/program.pdf