Skip to main content

Syngrony en diagrony yn taal

De Fryske Akademy ûndersiket it Frysk fan no en fan earder en bestudearret dêrby hoe't de yn Fryslân sprutsen taalfariëteiten feroarje en inoar beynfloedzje.

De twatalige provinsje Fryslân, mei it Frysk as twadde rykstaal en minderheidstaal en dêrneist in tal streektalen, foarmet in natuerlik laboratoarium foar wittenskiplik ûndersyk nei taalkundige en kognitive aspekten fan ûnderling nau besibbe talen. Dêrby ûndersykje wy út teoretysk taalkundige en kognitive fraachstellingen wei taalgedrach en taalstruktuer sawol op basis fan taalkorpora as op basis fan eksperimintele ûndersyksmetoaden.

It ûndersyk yn dit tema bout net allinnich fierder op 'e data dy't oplevere wurde ûnder it tema Taaldeskripsje en standerdisearring, mar it stjoert ek nije materiaalsammelingen en ûndersyk nei taalnoarms oan. Dêrneist is der in oanhâldende wikselwurking mei it tema Meartaligens en taal learen, meidat (i) alle sprekkers fan it Frysk ek Hollânsk prate en dus meartalich binne, (ii) Frysk, Hollânsk en de oare fariëteiten al iuwen mei inoar yn kontakt stean en dêrtroch inoar oanhâldend beynfloedzje, (iii) sosjale faktoaren en de feroarjende posysje fan it Frysk ynfloed hawwe op 'e taal sels en (iv) taalwinningsprosessen in belangrike rol spylje yn taalferoaring.

 

Undersyksdoelen

De kommende jierren rjochtsje wy ús op:

  • Stúdzje fan it sprutsen Frysk;
  • Stúdzje fan 'e wikselwurking tusken kognitive en sosjale faktoaren yn taalferoaring;
  • Stúdzje fan 'e kognitive en linguistyske prosessen dy't twataligens betrekking hawwend op nau besibbe talen stjoere;
  • Impact fan nauwe taalbesibbens op taalferoaringsprosessen;
  • Fersterkjen fan 'e link tusken taalkundich en taalsosjologysk ûndersyk;
  • Utwreidzjen fan it brûken fan digitale tools, datasets en korpora;
  • Bouwen en brûken fan eksperimintele ûndersyksfasiliteiten.