Skip to main content Skip to page footer

Letterkundich Netwurk

It Letterkundich Netwurk (besteande út it eardere Literêr-Histoarysk Wurkferbân) hâldt him dwaande mei it bestudearjen fan de literatuer en literatuerskiednis fan Fryslân yn syn wiidste omfieming. 

It Letterkundich Netwurk wurket oan in grut ferskaat oan aktiviteiten, bgl. it reemeitsjen fan Fryske tekstútjeften, it gearstallen fan bio- en bibliografyen fan Fryske skriuwers, stúdzje nei it Oera-Linda-Boek, it stypjen fan studinten, in kartoteek gearstalle fan bibliografyen fan 19e-iuwske publikaasjes en it (mei-)organisearjen fan lêzingen (Dei fan de Fryske Letterkunde, Conference on Frisian Humanities).

 

Oprjochtingsjier

1951 (as Literêr-Histoarysk Wurkferbân)

 

Bestjoer en kontakt

Foarsitter: Eric Hoekstra (e-mail)
Skriuwer: André Looijenga (e-mail)


Oer it wurkferbân

Dit wurkferbân, oprjochte troch Ype Poortinga en G.A.G. Meerburg, wurket oan aktiviteiten, bgl.:

  • it reemeitsjen fan Fryske tekstútjeften (bygelyks J.C.P. Salverda, H.G. van der Veen en R.B. Windsma);
  • it gearstallen fan bio- en bibliografyen fan Fryske skriuwers;
  • stúdzje nei it Oera-Linda-Boek;
  • it stypjen fan studinten;
  • in kartoteek gearstalle fan bibliografyen fan 19e-iuwske publikaasjes;
  • it organisearjen fan lêzingen; yn 2016 is de earste Dei fan de Fryske Letterkunde organisearre. Fan 2018 ôf waard dy dei ûnderdiel fan it trijedaagse kongres Conference on Frisian Humanities.