Skip to main content Skip to page footer

Akademylêzingen 1/3

De Akademylêzingen is in rige fan seis publykslêzingen yn trije dagen, ferspraat oer it winterskoft, yn Ljouwert en op 'e Jouwer.

Alle jierren organisearret de wurkgroep Akademylêzingen in oansprekkende rige lêzingen, yn oparbeidzjen mei frouljusorganisaasjes yn Fryslân.

De rige lêzingen wurdt op twa plakken hâlden op deselde dei: yn De Koperen Tún yn Ljouwert en yn It Haske op 'e Jouwer. De ûnderwerpen binne aktuele, edukative, wittenskiplike en algemien-maatskiplike tema's, dêr't sprekkers op eigen wize ynfolling oan jaan kinne.

Programma 2026-2027

De Akademylêzingen wurde organisearre op trije ferskate dagen: freed 13 novimber 2026, tiisdei 26 jannewaris 2027 en freed 19 maart 2027. De earste lêzing fan de dei is moarns fan 10:00-12:00 oere (mei kofjeskoft en diskusje), de twadde lêzing fan 13:30-15:30 oere (mei teeskoft en diskusje).

In ticket foar de Akademylêzingen jout tagong ta seis lêzingen op trije dagen, yn Ljouwert OF op 'e Jouwer. It is net mooglik om foar in inkelde lêzing in kaart te keapjen.

LJOUWERT
Restaurant/Grand Café De Koperen Tuin

Freed 13 novimber 2026

  1. Dr. Jacob Klimstra - 'Boek René van Stipriaan - Ofskie fan it âlde Nederlân: is ús demokrasy noch te rêden?’
  2. Ds. J. Vonk - ‘Socrates en Plato. Vroedvrouw en grotbewoner’

Tiisdei 26 jannewaris 2027

  1. Drs. Mark Raat - ‘Skiednis fan it Fryske Feangreidegebiet yn hjoeddeistich perspektyf ‘
  2. Drs. Froukje Santing - ‘Pake en zijn vee. Een reis naar Zuid-Afrika in 1911’

Freed 19 maart 2027

  1. Dr. Marije Elferink-Gemser - ‘Foarsizzen ûntwikkeling talinten yn de sport'
  2. Prof. dr. Theunis Piersma - 'Wat fûgels elkoar oer ús lân fertelle'

TICKETS LJOUWERT >>>



DE JOUWER
Party- en Zalencentrum 't Haske

Freed 13 novimber 2026

  1. Ds. J. Vonk - ‘Socrates en Plato. Vroedvrouw en grotbewoner’
  2. Dr. Jacob Klimstra - 'Boek René van Stipriaan - Ofskie fan it âlde Nederlân: is ús demokrasy noch te rêden?’

Tiisdei 26 jannewaris 2027

  1. Drs. Froukje Santing - ‘Pake en zijn vee. Een reis naar Zuid-Afrika in 1911’
  2. Drs. Mark Raat, promovendus - ‘Skiednis fan it Fryske Feangreidegebiet yn hjoeddeistich perspektyf '

Freed 19 maart 2027

  1. Prof. dr. Theunis Piersma - 'Wat fûgels elkoar oer ús lân fertelle'
  2. Dr. Marije Elferink-Gemser - ‘Foarsizzen ûntwikkeling talinten yn de sport'

TICKETS DE JOUWER >>>