Skip to main content Skip to page footer

Experimental Approaches to the Perception and Production of Language Variation (ExAPP2026), Ryksuniversiteit Grins

De Fryske Akademy is mei-organisator van it kongres 'Experimental Approaches to the Perception and Production of Language Variation' (ExAPP2026), fan 7 oant en mei 9 oktober yn Grins.

De fyfde edysje fan Experimental Approaches to the Perception and Production of Language Variation (ExAPP 2026) is in inisjatyf fan de taalkundigen fan de ûndersyksgroep CLCG Language Diversity oan de Ryksuniversiteit Grins. Programmakoördinator en ûndersiker Nanna Haug Hilton fan de Fryske Akademy makket diel út fan it organisaasjeteam.

Ferskate ûndersikers fan de Fryske Akademy sille op ExAPP 2026 mei-inoar in sesje organisearje oer Fryske taaltechnology.

ExAPP 2026

De konferinsje is fan woansdei 7 oant en mei freed 9 oktober 2026 yn it Norman-gebou yn Grins. Haadsprekkers binne Andries W. Coetzee (University of Michigan),
Laura Rosseel (VUB Brussels) en Nicolai Pharao (University of Copenhagen).

Mear ynformaasje is te finen op de ExAPP 2026 website.