Lêzing Genealogysk Wurkferbân: Hessel de Walle oer grêfkelders
Grêfkelders yn de Fryske tsjerken: in ûndergrûnske skiednis
Hessel de Walle (1958) oer syn lêzing: "As it wurd grêfkelder falt, sille in soad minsken faaks tinke oan yndrukwekkende seremoanjes yn en om de Nieuwe Kerk yn Delft út it begjin fan dizze iuw, doe't trije leden fan ús keninklike famylje dêr op tradisjonele wize yn de grutte grêfkelder byset waarden. In protte fan ús heuge sûnder mis de ynkringende bylden hoe't eardere keninginne Juliana en de prinsen Claus en Bernhard nei harren lêste rêstplak droegen waarden.
Ljouwert hat krekt as de stêden Delft en Breda in eigen grêfkelder fan de Nassaus. Dy sit yn de Grote of Jacobijnerkerk. Ea waarden dêr de leden fan de yn Ljouwert wenjende steedhâlderlike famylje Nassau mei in soad fertoan nei harren lêste rêstplak brocht. De provinsje Fryslân hat lykwols folle mear grêfkelders. Dêryn waarden benammen leden fan de lokale adel byset. Fryslân hat net ien kelder dy't kwa statuer en grutte te ferlykjen is mei dy fan de Nieuwe Kerk fan Delft. Ek is der hjir gjin inkelde grêfkelder binnen de tsjerkemuorren mear yn gebrûk. De wet ferbea dat feitlik al sûnt 1829 en definityf sûnt 1866."
Wat fersteane wy eins ûnder in grêfkelder? Neffens De Walle binne it net allinnich ûnderierdske kelders: “Ek in mitsele bak dy't bedoeld is foar ien of twa grêfkisten krijt de beneaming grêfkelder. Yn earder tiden binne dy yn in soad tsjerken boud en se wiene faak - lykas de echte ‘grêfkeamers’ - bedutsen mei grutte sarken.” De Walle rjochtet him foar syn nije boek oer grêfkelders, dat yn it nije jier ferskine moat, allinnich op de ‘echte’ kelders, dy't tusken de muorren fan de âlde Fryske tsjerken lizze of leine.
Tiid: 13:30-16:00
Lokaasje: Tresoar (Bûterhoeke 1, Ljouwert)
Tagong: fergees en iepen tagonklik
Oer it Genealogysk Wurkferbân
It Genealogysk Wurkferbân (sûnt 1946) graaft yn 't papierene ferline fan Fryslân. Genealogen hâlde harren dwaande mei it ûndersyk fan geslachten. Hja jouwe omtinken oan 'e gearhing fan dy geslachten en oan de omstannichheden dêr't dy ûnder libbe hawwe. Hja dogge soks om dêr it eigen ynsjoch mei te ferdjipjen, mar ek om oaren, bygelyks skiedkundigen, mei de útkomsten fan harren ûndersyk te skewielen.
Yn it winterskoft fan 2026/2027 organisearret it Genealogysk Wurkferbân in rige fan gearkomsten:
- 28 novimber 2026
- 9 jannewaris 2027
- 6 febrewaris 2027
- 6 maart 2027
- 3 april 2027