Obe Postma-lêzing: Anne Merkuur, 'Feroarjend Frysk', Tresoar, Ljouwert
De lêzing hat as titel ‘Feroarjend Frysk - oer taalferoaring en de takomst fan de frisisty’. Merkuur (it Hearrenfean, 1989) wurket as taalkundige en Universitêr Dosint oan de Fryske Akademy en de Ryksuniversiteit Grins. Yn 2021 promovearre se op in proefskrift oer taalferoaring yn Fryske tiidwurden.
Dizze lêzing is yn gearwurking mei Studium Generale Leeuwarden en It Obe Postmaselskip. It Obe Postma Selskip, dat as doel hat it wurk fan Obe Postma ûnder de oandacht fan in sa grut en divers mooglik publyk te bringen en hâlden, wol dêrmei ek in bydrage leverje oan in libbene kultuer yn Fryslân. Dêrta wurdt ûnder oare ien kear yn it jier, yn gearwurking mei Tresoar, de Obe Postma-lêzing hâlden.
Praktyske ynformaasje
Lokaasje: Tresoar, Boterhoek 1, Leeuwarden
Tiid: 13.00 - 16.00 oere
Yntree: fergees