Skip to main content Skip to page footer

Presintaasje Bergsma e.o., LiME kongres, Meertens Instituut, Amsterdam

In Frysk-Dútske groep taalwittenskippers docht ûndersyk nei de Fryske taal yn Nederlân en Noard-Dútslân. De earste resultaten wurde presintearre op it LiME kongres.

Fenna Bergsma, Anne Merkuur, Suzanne Dekker, Eric Hoekstra, Wilbert Heeringa, Silke Oosterhof, Jildou Kooke, Lena Terhart, Thede Thieße, Kerrin Tadsen, Henk Wolf en Veronika Pugge, wurksem by Fryske Akademy, Nordfriisk Instituut en Seeltersk Kontoor, presintearje harre ûndersyk yn in presintaasje mei de titel ‘Morphosyntactic Variation, Language Contact, and Speaker Attitudes in the Frisian Languages’. In gearfetting is hjir nei te lêzen.

Oer LiME

LiME (Linguistics @ MEertens) is in groep taalkundigen dy't ferbûn is oan it Meertens Instituut en him dwaande hâldt mei it ûndersykjen fan de ynterne en eksterne grinzen fan taalfariaasje. Hja rjochtsje harren oan de iene kant op taalfariëteiten dy’t yn Nederlân sprutsen wurde en oan de oare kant op fariëteiten fan it Nederlânsk dy’t oer de hiele wrâld praat wurde. Hjirûnder falle dialekten, sosjolekten, etnolekten, standerttalen, erfgoedfariëteiten en ynteraksje tusken minske en dier.

Mear ynformaasje en it programma: LiME website.