Presintaasjes Smith, Bergsma, Merkuur, NanoDays III, Poznań (Poalen)
Meg Smith is promovendus by de Fryske Akademy en sil in presintaasje hâlde mei de titel ‘The Nanosyntax of Inverted L and U-shaped syncretisms in Old Frisian’.
Taalwittenskippers Fenna Bergsma en Anne Merkuur hâlde in presintaasje mei de titel ‘A Nanosyntactic Look at the Dental Suffix Spread in the West Frisian 2SG Past’. In gearfetting fan harren ferhaal is hjir nei te lêzen.
Oer Nanodays
Dizze tredde edysje fan NanoDays stiet weer gehiel yn it teken fan nanosyntaxis en taalwittenskiplik ûndersyk dat dêr oan relatearre is. It kongres wurdt hâlden fan 8-9 septimber oan de Adam Mickiewicz University in Poznań, Poalen. Haadsprekkers binne Pavel Caha (Masaryk University, Brno) en Michal Starke (Masaryk University, Brno).
Mear ynformaasje is te finen op de NanoDays website.